thumb| Flagge fan Twizel De flagge fan Twizel is de flagge fan it doarp Twizel, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1999 registrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Grien mei in reade rjochthoekige, lykskonkige broekingstrijehoeke; oer alles hinne in giele gaffel dêr't de earms fan nei de broekside leadrjocht fan opinoar steane en mei in earmdikte, lyk oan 2/5 flaghichte; de giele gaffel belein mei in lykfoarmige swarte gaffel mei in earmdikte gelyk oan 1/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Twizel.
Symbolyk
Swarte gaffel: ferbyldet de splitsing fan wegen yn Twizel. De swarte kleur ferwiist nei de ûnferhurde wegen, letter asfaltearre. Gouden gaffel: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
Sjoch ek
Twizel Kategory:Twizel