thumb| Wapen fan Rie It wapen fan Rie is it wapen fan it doarp Rie, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2000 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sylver in weagjende blauwe linkerskeanbalke, belein mei twa gouden nôtieren yn de sin fan de balke; de balke fan boppe beselskippe troch in oansjende swarte kattekop mei gouden eagen en fan ûnderen troch trije griene klaverblêden.

De heraldyske kleuren binne: sulver, azuer (blau), goud, sabel (swart) en sinopel (grien).

Symbolyk

Weagjende skeanbalke: symboal foar De Rie, wêr't it doarp syn namme oan te tanken hat. Nôtieren: ferwiist nei de klaai as lânbougrûn. Klaverblêden: ferwiist nei de feehâlderij fan mingde bedriuwen. Kattekop: ferwiist nei de skelnamme fan de ynwenners fan Rie: Riedster katten. Kleurstelling: it wapen is in ferzje fan it wapen fan Westergoa.

Sjoch ek

Rie Kategory:Rie (plak)