thumb| Flagge fan Haulerwyk De flagge fan Haulerwyk (Stellingwerfsk: vlagge van Haulerwiek) is de flagge fan it doarp Haulerwyk, yn de Fryske gemeente Eaststellingwerf. De flagge waard yn 1986 registrearre.

It ûntwerp is fan Piet Bultsma.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Trije like hege banen, giel, read en giel, mei in griene broekingstrijehoeke oant it midden fan de flagge in giele snikke.

De kleuren komme út it wapen fan Haulerwyk.

Symbolyk

Reade baan: ferwiist nei it heide- en feangebiet yn de omkriten fan it doarp. Griene broekingstrijehoeke: ferwiist nei it dimpte diel fan de Haulerwykster Feart yn it doarp. Snikke: dat wie in wichtich ferfiersmiddel tusken Drachten en Assen.

Sjoch ek

Haulerwyk Kategory:Haulerwyk