thumb| Flagge fan Aldwâld De flagge fan Aldwâld is de flagge fan it doarp Aldwâld, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.

De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerpperioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkart of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Banen, dêr't de lingten har fan ferhâlde as 1: 4; de baan oan'e broekside: trije banen grien en giel; de baan oan'e flechtkant: trije banen giel en blau.

De kleuren komme út it wapen fan Aldwâld.

Symbolyk

Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Aldwâld. It blau yn de flagge is oernommen út it wapen fan Feankleaster, dit doarp wie earder in buorskip yn de himrik fan Aldwâld.

Sjoch ek

Aldwâld Kategory:Aldwâld