thumb| Flagge fan Stynsgea De flagge fan Stynsgea is de flagge fan it doarp Stynsgea, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1999 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Twa fertikale banen grien-giel, mei in lingteferhâlding fan 1:4; op it grien in wite klaver tusken twa wite ikels, alles pleatse as in peal; op it midden fan de giele baan in read hert, wêrút fiif reade flammen rize, it gehiel mei in hichte gelyk oan 4/5 flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Stynsgea.

Symbolyk

Brânend hert: symboal foar de hillige Augustinus, patroanhillige fan de Augustinitsjerke fan Stynsgea. Reade kleur fan it hert: symboal foar Augustinus, ek ferwiist it nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp. Ikels en klaver: oernommen út de wapens fan foaroansteande famyljes út it doarp. Ek is it in ferwizing nei de lizzing fan it doarp yn de Fryske Wâlden.

Sjoch ek

Stinsgea Kategory:Stynsgea