thumb| Flagge fan Folsgeare De flagge fan Folgeare is de flagge fan it doarp Folsgeare, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2003 registrearre.

It ûntwerp is fan J.C. Terluin.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Yn't blau in rjochthoekige, ek wer in blauwe broekingstrijehoeke, belein mei in giele klaver; oanslutend oan de broekingstrijehoeke in wite rjochthoekige broekkeper, dêr't de top fan leit op in ôfstân fan de side, lyk oan de flaggehichte; de keper belein mei op syn punt steande reade fjouwerkanten, yn de foarm fan de keper oardere yn twa rigen; elk fjouwerkant mei siden gelyk oan 1/10 flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Folsgeare.

Symbolyk

Blau fjild: ferwiist nei de lizzing oan de eardere Middelsee. Dêrneist is de kleur oernommen út it wapen fan Wymbritseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Keper: ferwiist nei de hoeke yn de Tsjaerddyk. It roaster ferwiist nei Laurentius fan Rome, patroanhillige fan de Laurentiustsjerke fan Folsgeare. Klaverblêd: ferwiist nei de feehâlderij.

Sjoch ek

Folsgeare Kategory:Folsgeare