thumb| Wapen fan Heech It wapen fan Heech is it wapen fan it doarp Heech, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1990 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn azuer in iel fan goud, pleatse yn in omkearde S-foarm en in frijkertier trochsneid fan kiel en sulver, belein mei in leelje fan it ien yn it oare.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud en sulver.

Symbolyk

Blau fjild mei frijkertier: basearre op de flagge fan Heech, dy't al langer bekend wie. Iel: ferwiist nei de fiskerij. De gouden kleur ferwiist nei de opbringsten fan de fiskerij. Leelje: oernommen út it wapen fan Wymbritseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiids part fan wie.

Sjoch ek

Heech Kategory:Heech