thumb| Flagge fan Gytsjerk De flagge fan Gytsjerk is de flagge fan it doarp Gytsjerk, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. De flagge waard yn 1984 registrearre.
It ûntwerp is fan Piet Bultsma.
By gemeenteriedsbeslút fan 22 novimber 1984 waarden in wapen en flagge fêststeld foar de 16 doarpen fan de Tytsjerksteradiel.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Trije like hege banen fan read, giel en read; yn de giele baan in út de grûn skuorde griene beam.
De kleuren komme út it wapen fan Gytsjerk.
Symbolyk
Ferdieling yn banen: ferwiist nei de strokeferkaveling yn de Fryske Wâlden. Beam: ferwiist nei de beammewâlen dy't de perselen skiede. Reade baan: ferwiist nei de bebouwing fan it doarp. Giele baan: ferwiist nei de sângrûn.
Sjoch ek
Gitsjerk Kategory:Gytsjerk