Josephus Godefridus Maria (Joep) Coppens (Eindhoven, 19 desimber 1940 - Vlierden, 6 maart 2024) wie Nederlânske byldzjend keunstner en frijwillich mûnder.

Libbensrin Coppens wenne mei syn frou, de keunstskilderes en skriuwster Els Coppens-van de Rijt, yn Vlierden by in stiennen bultmûne mei de namme Johanna-Elisabeth, ferneamd nei syn frou. Joep Coppens wie de soan fan de Eindhovenske fotograaf Martien Coppens. Hy trochrûn de Hegere Boargerskoalle. Ein jierren '50 sette er útein mei it meitsjen fan syn byldhouwurk, nei ien jier stúdzje oan de Einhovenske Akademy foar Yndustriële Foarmjouwing, syn oplieding oan de Hegeskoalle foar Byldzjende Keunsten de Jan van Eyck Academie ûnder lieding fan de byldhouwer Fred Carasso yn Maastricht en syn atelierstúdzjes oan de Ateliers '63 by Wessel Couzijn yn Amsterdam.

Joep Coppens wenne en wurke yn Vlierden yn syn ateliers by it hûs en de mûne, dy't er sels 28 jier draaiende hâlden hat. Hy wie 28 jier lang frijwillich mûnder yn de gemeente Deurne en late ek oankommende frijwillige mûnders op. Oan hûs hie er in byldetún en de eksposysjeromte. Coppens wie fan 1978 oant 1997 foarsitter fan geakundige rûnte H.N. Ouwerling te Deurne. Tusken maart 1997 en 2021 siet er yn de monumintekommisje fan de gemeente Deurne.

Joep Coppens ferstoar op 6 maart 2024, yn 'e âldens fan 83 jier, nei in slimme sykte.

Wurken fan Joep Coppens

Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2024 Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk mûnder Kategory:Brabânsk persoan