thumb| Flagge fan Sweagerbosk De flagge fan Sweagerbosk is de flagge fan it doarp Sweagerbosk, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1976 registrearre.

De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerpperioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkard of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Grien, mei in wyt krús, de earmen fan it krús mei de dikte fan 1/3 fan de flaggehichte; op it snijpunt fan de krúsearmen in read fjouwerkant.

De kleuren komme út it wapen fan Sweagerbosk.

Symbolyk

Krús: oernommen út it wapen fan Sweagerbosk.

Sjoch ek

Sweagerbosk Kategory:Sweagerbosk