thumb| Wapen fan Penjum It wapen fan Penjum is it wapen fan it doarp Penjum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau mei in gouden skyldseame in leelje fan itselde.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau) en goud.
Symbolyk
Skyldseame: ferwizing nei de Penjumer Halsbân, in ringdyk rûn it doarp. Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Hiddema, dy't in stins by it doarp bewenne.
Sjoch ek
Penjum Kategory:Penjum