thumb| Wapen fan Hichtum It wapen fan Hichtum is it wapen fan it doarp Hichtum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Peald fan acht stikken grien en goud, en yn in blauwe skyldhoeke in sulveren leelje, mei in forkoarte pylderfoarmige foet.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud, azuer (blau) en sulver.

Symbolyk

Peald skyld: oernommen út it wapen fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, dy't de Wibrandastate by it doarp bewenne. Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Huyghis, ek dizze famylje hat de Wibrandastate bewenne.

Sjoch ek

Hichtum Kategory:Hichtum