thumb| Ofbyld út 1681 fan it bekkesnijen yn in mei stippelline oanjûn striidperk Bekkesnije wie in fjochtspul, dat oant midden 18de iuw populêr wie. Tsjinstanners besochten elkoar in sneed yn it wang te jaan.
By bekkesnije wie it doel om de tsjinstanner yn it gesicht te snijen mei in mes. It rûge mar populêre fermaak wie in wichtich ûnderdiel fan de kultuer en tradysjes fan it plattelân yn Nederlân. Minsken út de bettere klassen seagen it as in barbaarsk ferskynsel, al is it te fergelykjen mei de mensoer, it duellearjen troch studinten mei as doel om de oar in groede te jaan of krije te litten. Yn de midsieuske literatuer wurdt skreaun oer de beruchte boeremerken. De 17e iuwske Brederode hat it neist 'bekkesnijers' ek oer 'kattekneppelders' en 'guozzelûkers'. It waard dien troch manlju en soms froulju om ûnienigens op te lossen.
Eare en prestiizje Bekkesnije waard wol sjoen as in prestiizjespul en in earesaak. It hie lang net altyd te krijen mei dronken gefjochten yn de kroech. Bekkesnije waard meast dien mei strange regels. De bedoeling wie krektas by mensoer in tsjinstanner in sneed yn it wang te jaan; de dêrtroch ûntstiene groeden waarden beskôge as in teken fan moed. Bekkesnijers mei groeden op it gesicht stiene yn oansjen by guon froulju. In man mei in protte groeden hie oansjen by guon froulju, om't it bliken die dat er dapper wie en goed fjochtsje koe. Benammen yn Dútslân waard sa'n litteken fan in duel as in eareteken beskôge.
Spulregels De fjochtpartijen wiene net sûnder regels. Sadree't ien fan de dielnimmers syn geduld ferlear, wat gauris barde, waard ferwachte dat omstanners yngrypten. De ferdigening koe bestean út it mei stof omwuoljen fan de hannen. Side oer snijmuntenDer waarden sels toernoaien organisearre. thumb|Bewurke Fryske duiten, mei in kartele râne waarden brûkt foar bekkesnijen.
Messen en munten It brûkte mes hie gjin punt en koe meastentiids inkeld in ûndjippe sneed feroarsaakje. It wie in fjochtspul dat mei in mes spile wurde koe, mar ek mei in kartele of ynseage koperen munt. De bedoeling wie om de tsjinstanner mei dizze munt sa gau mooglik yn it gesicht te ferwûnjen, sadat it bloed der út rûn. sêne út it filmke Bekkensnijden fan it Teleac programma Echt? Niet!
Troch sokke munten tusken de fingers te hâlden, koene slimme ferwûnings oprûn wurde. De persoan dy't de measte bekkensnijkompetysjes wûn koe útdage wurde.
Fersprieding thumb|Gefjocht yn in herberch 1733 (Ryksmuseum) It bekkesnijen kaam yn hast hiel Nederlân foar yn kroegen, mar ek wol op brulloften en merken. Guon doarpsherbergen wiene berucht. Sa stie De Bilt bekend om syn bekkesnijers. Bekkensnijders in De Bilt, www.onlinemuseumdebilt.nl It wie dêr wênst dat puntleaze messen ophongen waarden yn herbergen as in útdaging foar in gefjocht. Yn de roman De lotgevallen van Ferdinand Huyck (Jacob van Lennep, 1840) wurdt bekkesnijen neamd yn in herberch yn Soest. Gasten waaarden dêr soms útdage troch in mes foar har yn 'e tafel te stekken. As de gast it mes fuorthelle, betsjutte dat er fjochtsje moast mei de eigener fan it mes. As de gast net fjochtsje woe, koe er fêstpakt wurde en in sneed yn it gesicht krije. Sa stiene de Soesters bekend as bekkesnijers. Yn it Goai wie de bêste bekkesnijer fan in doarp in man fan oansjen en droech syn mes op 'e hoed njonken in hoannefear. Hy hong syn twadde mes boppe de doar fan de herberch of oan in balke boppe de taap. Wa't it oanrekke of sels mar beseach, naam de útdaging oan en moast tsjin de kampioen op. Doarpen mei in kampioen dêr't nimmen tsjin te fjochtsjen doarde wiene ferneamd yn it hiele gebiet. It wie op plakken tradysje dat de bêste bekkesnijer fan it doarp twa messen hie, ien hied er op’e hoed, de oare hong yn de pleatslike herberch.
Ferbean De machthebbers wiene net bliid mei it populêre spul en besochten it te ferbieden. Al yn 'e 16e iuw waarden keizerlike edikten útjûn dy't it bekkesnijen ferbean, mar it wie pas yn 'e 17e iuw dat it guon skouten slagge om it fjochtspul wat te ferminderjen. Omt de oerheid swiere straffen sette op dizze messestekkerij, ûntstiene bekkesnijerijen mei puntleaze messen en skerpe munten, dy't de rjochterlike macht dreech te ûntdekken wiene. Mar om't dit dochs in frij barbaarsk spul bleau, waard it yn de achttjinde iuw ferbean. Dochs waard it noch oant fier yn de achttjinde iuw temûk dien yn guon gebieten. Stadichoan keazen lykwols ek in protte rûzjesikers foar in striid mei de fûsten. It bekkesnijen is pas yn de 19e iuw folslein útstoarn.
Literatuer Van Bekkensnijders tot Onderzoeksprogramma’s Afûk ISBN : 9789491536786 Stavast - Knife Fighting in the Netherlands - The forbidden art of Bekkensnijden, ISBN 978-1326194819
Sjoch ek skermjen duël mensoer
Kategory:Spultsje Kategory:Bloedsport Kategory:Fjochtsport