thumb| Flagge fan Idaerd De flagge fan Idaerd is de flagge fan it doarp Idaerd, yn de Fryske gemeente Ljouwert. By gemeenteriedsbeslút fan 8 desimber 1985 waarden in wapen en in flagge fêststeld foar de 18 doarpen fan de eardere gemeente Boarnsterhim. De flagge waard yn 1986 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Twa lingtebanen fan blau en read, ferhâlding fan lingten 2:1; yn de blauwe baan in wite swimmende swan.

De kleuren komme út it wapen fan Idaerd.

Symbolyk

Swan: oernommen út it wapen fan de famylje Friesma, dêr't de Friesmastate syn namme oan te tankjen hat.

Sjoch ek

Idaerd Kategory:Idaerd