thumb| Wapen fan Aldeboarn It wapen fan Aldeboarn is it wapen fan de flekke Aldeboarn, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1986 registrearre.
Skiednis Aldeboarn is ien fan de Fryske plakken dêr't it âld wapen fan oerlevere is. Sa wurdt it oantroffen op in gevelstien boppe de yngong fan de Doelhôftsjerke fan Aldeboarn. Ek is it wapen ôfbylde op de kelk fan it nachtmielsstel fan deselde tsjerke.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read in omdraaide ôfsnijde bargekop, lofts en rjochts boppe yn it skyld in klaverblêd dertuskenyn, alles fan goud. Boppe it skyld in gouden kroan fan trije blêden en twa pearels, yn de holbân trije rútfoarmige reade en twa ovale griene edelstiennen (flekke-kroan).
De heraldyske kleuren binne: kiel (read) en goud. It skyld wurdt bedutsen troch in saneamde "flekke-kroan".
Symbolyk
Bargekop: ôfbielding fan in saneamd "Teunisbaarch", attribút fan de hillige Antonius. Hy wie beskermhillige fan ûnder mear fee en boeren. Kroan: it wapen wurdt dutsen troch in saneamde "flekke-kroan", foarbehâlden oan doarpen mei stedske skaaimerken. Aldeboarn hie waachrjocht.
Sjoch ek
Aldeboarn Kategory:Aldeboarn