thumb| Wapen fan Wier It wapen fan Wier is it wapen fan it doarp Wier, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2007 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn blau in griene. út de skyldfoet opriizjende terp, mei dêroerhinne twa gouden weetieren mei elts twa blêdden en pleatst as in V; yn it skyldhaad, tusken de ieren in ôfskuorde liuwekop fan goud.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sinopel (grien) en goud.

Symbolyk

Terp: de plaknamme Wier betsjut terp. Liuwekop: oernommen út it wapen fan de famylje Lauta dy't yn it doarp in stins bewenne. Weetieren: oernommen út it wapen fan de famylje Lauta. Ek stiet it foar de lânbou yn de omkriten fan it doarp.

Sjoch ek

Wier Kategory:Wier