thumb| Wapen fan Easternijtsjerk It wapen fan Easternijtsjerk is it wapen fan it doarp Easternijtsjerk, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Ferdield: I yn kiel in klimmende wynhûn fan sulver, II yn azuer in oargelpiip fan sulver, yn de skyldkop mei twa roasen fan itselde.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en azuer (blau).
Symbolyk
Twadieling: ferwiist nei de lokaasje fan it doarp by de eardere grins fan West- en East-Dongeradiel. Wynhûn: oernommen út it wapen fan de famylje Sjoorda, dat in stins by it doarp bewenne. Roasen: oernommen út it wapen fan de famylje Sjoorda. Oargelpiip: symboal fan de hillige Cecilia, patroanhillige fan de Sint-Ceciliatsjerke fan Easternijtsjerk. Kleurstelling: oernommen út de wapens fan Eastergoa en Dongeradiel.
Sjoch ek
Easternijtsjerk Kategory:Easternijtsjerk