Lisette Lewin (De Haach, 14 augustus 1939 – Amsterdam, 27 augustus 2024) wie in Nederlânske skriuwster en sjoernaliste.

Libben en wurk De Joadske Lewin en har heit oerlibben de oarloch op ferslate ûnderdûkadressen; har mem waard yn in Dútsk konsintraasjekamp fergast. Auteur en journalist Lisette Lewin (85) overleden, NOS Nieuws, 29 augustus 2024. Nei de oarloch wenne de famylje Lewin in pear jier yn Yndonezië.

Yn it earstoan wie hja foaral wurksum as sjoernaliste, ûnder oare troch har reisreportaazjes. Sy publisearre ûnder oaren yn De Volkskrant en Vrij Nederland. Krielaars, Michel, "Voor Lisette Lewin leek het genre van de reisreportage te zijn uitgevonden", NRC, 29 augustus 2024 Letter skreau se benammen romans. Yn 1983 publisearre se it boek Het clandestiene boek 1940-1945 wêryn't se boeken ynventarisearre dy't yllegaal útjûn wiene yn de Twadde Wrâldoarloch. Lewin skreau oer har ûnderfinings yn de oarloch yn har debútroman Voor bijna alles bang geweest (1989). Mei dat boek wûn hja de Gouden Ezelsoor yn 1990, de priis foar it bêst ferkeapjende literêre debút.

Oare boeken dy't se skreau binne de oarlochsroman Een hart van prikkeldraad (1992), Vorig jaar in Jeruzalem, in ferslach fan har reis nei Israel, en in ferslach fan har eigen syktocht nei har Joadske identiteit. Hoewol't har Joadske identiteit en it oarlochsferhaal fan har famylje in promininte rol spilen yn har boeken, woe Lewin net allinne sjoen wurde as in slachtoffer fan de Twadde Wrâldoarloch. "Schrijver Lisette Lewin (1939-2024) wilde niet als 'onderduikkind' gezien worden". de Volkskrant, 29 augustus 2024.

Lewin ferstoar yn augustus 2024 yn de âlderdom fan 85 jier. Schrijfster Lisette Lewin overleden. trouw.nl (29 augustus 2024)

Publikaasjes Boeken Het clandestiene boek 1940-1945 (1983) Van Gorkistraat naar Beer-Sheva (1985) Voor bijna alles bang geweest (1989) Een hart van prikkeldraad (1992) Vorig jaar in Jeruzalem (1996) Herfstreis naar Dantzig (1997) Verliezers op zee (1999) Schommelingen van het hart (2005) De verloren savanne (2008) Bach onder de palmen (2012)

Artikelen in soad sjoernalistike bydragen oan kranten "Collaboratie en verzet 1940-1945", yn: 't Is vol van schatten hier (1986) "'Het leven was heerlijk': Djakarta in de konfrontasi", yn: Indische Letteren, 25 (2010)

Sekundêre literatuur : Schrijvers en dichters (2003-) : haadstik "Het tweede oorlogsjaar", yn: Schrijvers, uitgevers & hun collaboratie, diel 4: Uitgevers en boekhandelaren (De Arbeiderspers, Amsterdam, 1992)

Keppelings om utens Lisette Lewin, DBNL Het Marathoninterview, Jan Haasbroek ynterviewt Lisette Lewin, VPRO, 21 july 1995

Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1939 Kategory:Persoan stoarn yn 2024