De Europeeske moeflon (Ovis gmelini musimon of Ovis orientalis musimon) is in skieppesoarte, dy't by de yntroduksje fan it skiep yn Europa ferwyldere en no in wyld en skou bist is. It is de meast westlike en lytste ûndersoarte fan 'e moeflon (Ovis gmelini). In diel fan 'e saakkundigen beskôget de moeflon sels as in ûndersoarte fan it wylde skiep (Ovis orientalis).

Beskriuwing thumb|left|Laam. Europeespke moeflons binne 120 sm lang, ha in skofthichte fan 90 sm, in gewicht fan 25 oant 40 kg by eien en 35 oant 55 kg by rammen.

Europeeske moeflons ha koart hier. De rammen binne simmerdeis readbrún en ha meastentiids in wite sealflek, wylst de eien brúneftich binne. Winterdeis binne beide geslachten donkerder. Rammen ha hoarns dy't nei efteren ta kromje oant sa'n 80 sm lang. De eien op Sadyne ha hielendal gjin hoarns, wylst dy op Korsika hoarns ha dy't licht nei efter ta bôgje.

As oarspronklike bewenner fan beamleaze gebieten boppe de beamgrins is it sicht fan 'e moeflons goed ûntwikkele. Mei harren eagen op 'e side fan 'e kop kinne de moeflons sûnder mei de kop te draaien de omjouwing goed yn 'e gaten hâlde. Se binne yn steat om minsken op in goede 1000 m noch waar te nimmen.

Fersprieding De soarte komt oarspronklik foar op Sardynje en Korsika. De moeflon is de stamheit fan it nuete skiep en libbet yn bosk en op berchgreiden. Yn oare dielen fan Europa is de moeflon letter ynfierd, lykas yn 'e Belgyske Ardinnen, Sauerland en yn Nederlân. Op Syprus libbet op 'e besibbe Syprioatyske moeflon.

Yn 'e 17e iuw waarden lytse oantallen op oare plakken as Sardynje en Korsika útset. Sûnt 1921 libbe der op 'e Feluwe ek in populaasje yn it Nasjonaal Park De Hege Feluwe en it Wekeromske Sân. Oan wat jierren tebek libbe der ek noch in lytse populaasje yn 'e Amsterdamske Wetterliedingsdunen. De lêste natuerlike populaasjes op Korsika en Sardynje waarden yn 'e jierren 1960 bedrige en bestiene út mar in pear hûndert bisten. Troch beskerming en maatregels tsjin de jacht en streuperij binne de oantallen op Korsika en fral op Sardynje foars tanommen (Korsika 2010: 800 moeflons, Sardynje 2015: 6.000 moeflons).

Nederlânske moeflons thumb|left|Moeflons op 'e Feluwe (2014) Oant foar koart kaam de moeflon ek yn Nederlân op 'e Feluwe foar. Se wiene yn 1921 troch Anton Kröller útset foar de jacht en de diversiteit fan 'e natoer. It die lykwols ek bliken dat de moeflons tige brûkber wiene by it iepen hâlden fan 'e heidefjilden. De moeflons rêden harren bêst en sa ûnstie der in wylde populaasje fan likernôch 270 moeflons yn 2021, dy't yn twa groepen yn it park libben. De Hege Feluwe rôp it jier 2021 út ta it "Jier fan 'e Moeflon" en prize de moeflon foar syn effisjinte wurk om de heide en sânflaktes iepen te hâlden.Stifting it Nasjonale Park De Hege Feluwe Side Hoge Veluwe, "Jaar van de Moeflon", oproppen 5 septimber 2024. Ek is der in feriening dy't der foar krewearret om de moeflon langer net as eksoat te behanneljen mar it skiep op 'e list fan lânseigen soarten te setten, wêrmei't de soarte ek beskermd wurde kin.Feriening De Moeflon, oproppen 5 septimber.

Mei de komst fan 'e wolf op 'e Feluwe binne de moeflons yn it wyld sa goed as útroege.De Gelderlander: Bijna alle moeflons zijn opgegeten, door de wolf, maar boswachter Roy vindt dat niet erg, 26 febrewaris 2024.. It oantal moeflons dat noch libbe is efter rasters en in hek mei stroom set op in likernôch 80 ha grut stik grûn. Yntusken hat al bliken dien dat de rasters en it skriktried de wolven net bûten hâld. Foar it iepen hâlden fan 'e heide wurde hjoed-de-dei gewoane kij ynset.Barneveldse Krant: Raster met stroomdraden houdt wolf niet tegen; drie moeflons gedood, 8 april 2024.

Kategory:Sûchdiere-ûndersoarte Kategory:Skiep (skaai) Kategory:Ferwyldere skiep Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Eksoat yn Belgje Kategory:Eksoat yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Eksoat yn Bulgarije Kategory:Eksoat yn Dútslân Kategory:Eksoat yn Eastenryk Kategory:Eksoat yn Frankryk Kategory:Eksoat yn Kroaasje Kategory:Eksoat yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Eksoat yn Hongarije Kategory:Eksoat yn Itaalje Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Servje Kategory:Eksoat yn Sloveenje Kategory:Eksoat yn Slowakije Kategory:Eksoat yn Spanje Kategory:Eksoat yn Switserlân Kategory:Eksoat yn Tsjechje