De Panagia Chryseleousa is in tsjerkegebou fan 'e Syprioatyske-Otterdokse Tsjerke yn Emba op it eilân Syprus.
Beskriuwing De tsjerke waard yn 'e 12e iuw ynearsten as in krúsfoarmich gebou mei tonferwulften en in koepel oer de krusing boud. Op in letter stuit waarden de romten tusken de krúsearmen útboud en fergrutte ta in krúskoepeltsjerke. Yn 1744 waard in twadde koepel yn it west en in narteks tafoege. Yn dy tiid tsjinne de tsjerke ek as kleastertsjerke. thumb|left|Fresko's. Fan 'e bewarre fresko's yn 'e tsjerke is in foarstelling fan Kristus as Pantokrator yn 'e krusingskoepel út de lette 15e iuw it neamen wurdich. De ikonostaze is 16e-iuwsk.
Fuort njonken de Panagia Chryseleousa stiet de monumintale nije parochytsjerke fan Empa, dy't oan 'e apostel Andréas wijd is.
Literatuer Gwynneth de Parthog: Byzantine and Medieval Cyprus. A Guide to the Monuments. London 1995, siden 88–90.
Kategory:Tsjerkegebou yn Syprus Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou Kategory:Bouwurk út de 12e iuw