De Gouden Ezelsoor wie in literatuerpriis, dy't yn 1979 ynsteld waard troch it Koninklijk Verbond voor Grafische Ondernemingen (KVGO) en alle jierren útrikt waard. Foar bekroaning kaam in debutearjende skriuwer yn oanmerking fan wa't yn ien jier tiid de measte eksimplaren fan it debút ferkocht wiene. De sjuery seach ek oft in ynstjoering as in literêr wurk beskôge wurde koe en oft takenning fan de priis yn oerienstimming wie mei de doelstelling. De nammen fan de sjueryleden wiene oant 2005 geheim. Nei 2008 is om ûnderskate redenen in punt set efter de jierlikse takenning fan de priis.

Winners Gouden Ezelsoor 1979: Monika Sauwer, Mooie boel 1980: Alexander van Es, Anatomie van het gevoel 1981: Richard Steegen, Pakken....gepakt 1982: Annie van den Oever, Dame in broekpak 1983: René Stoute, Op de rug van vuile zwanen 1983: Veronica Hazelhoff, Nou moe! 1984: Tessa de Loo, De meisjes van de suikerwerkfabriek 1985: Adriaan van Dis, Nathan Sid 1986: Fleur Bourgonje, De terugkeer 1987: Rudi van Dantzig, Voor een verloren soldaat 1988: Hanny Alders, Non nobis 1989: Margriet de Moor, Op de rug gezien 1990: Lisette Lewin, Voor bijna alles bang geweest 1991: Ernst Timmer, Het waterrad van ribe 1992: Connie Palmen, De wetten 1993: Ronald Giphart, Ik ook van jou 1994: Kader Abdolah, De adelaars 1995: net takend 1996: Arnon Grunberg, Blauwe maandagen 1997: Ineke Holtwijk, Kannibalen in Rio 1998: Lulu Wang, Het lelietheater 1999: Jessica Durlacher, Het geweten 2000: Erwin Mortier, Marcel 2001: Maya Rasker, Met onbekende bestemming 2002: Khalid Boudou, Het Schnitzelparadijs 2003: Judith Koelemeijer, Het zwijgen van Maria Zachea 2004: Gjin priis takend 2005: Annelies Verbeke, Slaap! 2006: Gerbrand Bakker, Boven is het stil 2007: Gjin priis takend 2008: Christiaan Weijts, Art. 285b

Kategory:Nederlânske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1979