Europa-Park is sûnt 1975 in attraksjepark by Rust yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Tema is it wrâlddiel Europa mei har ferskillende lannen. Yn 2023 wie it nei it Disneyland Park yn Parys it bêst besochte attraksjepark fan Europa.
Skiednis It begjin Europa-Park is eigendom fan de Dútske famylje Mack. Yn 1780 rjochte Paul Mack yn it Dútske Waldkirch in bedriuw op dat houten koetsen boude. Hûndert jier letter waarden de wurksumheden útwreide en lei it bedriuw him ta op de bou fan weinen dy 't geskikt wiene om draaioargels te ferfieren. Letter kamen der ek weinen by dy't geskikt wiene foar merke-en sirkuseksploitanten.
Yn 1920 rjochte it fabryk him op it bouwen fan merke-attraksjes. Dat resultearre deryn dat in jier letter de earste houten achtbaan produsearre waard. Yn de jierren 1970 kamen Franz Mack en syn soan Roland Mack op it idee om in attraksjepark op te rjochtsjen, nei't sy yn it bûtenlân ferskate attraksjeparken besichtige hiene, ûnder oare Disney-parken. It idee achter it attraksjepark wie dat it in showroom wurde moast, wêryn 't de produkten fan it bedriuw (MACK Rides) toand waarden. Dêrfoar hie de famylje earst in lokaasje tichtby Breisach am Rhein op it each flakby de keunstmjittige mar Europa-See. De gemeente karde de bou fan in attraksjepark goed. Dielsteat Baden-Württemberg wie tsjin omdat de mar en de omjouwing nedich wiene om oerstallich wetter út de rivier de Ryn opfange te kinnen.
In folgjende mooglikheid wie in terrein fan 20 bunder by it plak Neuenburg am Rhein direkt grinzjend oan de Autobahn 5. Der moast dan in tunnel ûnder de sneldyk oanlein wurde. Dit soe 1 miljoen DM kostje en dat fûnen se in te grutte ynvestearring. De úteinlike lokaasje waard fûn by it doarp Rust, it gong nei Slot Balthasar mei dêrby in mearkespark. Mynhear Mack kocht it gehiel en naam ek in tal bisten fan it eardere mearkespark oer.
Op 12 july 1975 iepene Europa-Park mei tweintich attraksjes, wêrûnder in monorail, midgetgolfbaan en rûnfeartattraksjes. Om de midgetgolfbaan hinne stiene miniatuergebouwen opsteld fan ferskate bekende gebouwen lykas de Eiffeltoer en it Paleis fan Westminster. Yn 1976 iepene it park in oldtimerbaan. Twa jier letter iepenen de attraksjes: Jungle Rafts en Tiroler Wildwasserbahn en ûntfong it park 1 miljoen besikers. Yn 1979 iepene de boattocht Elfenfahrt en twa jier letter in draaimûne.
Europeeske lannen Sân jier nei de iepening begûn it attraksjepark him te rjochtsjen op it tema Europeeske lannen. Yn 1982 iepene it temagebiet Itaalje. It earste temagebiet basearre op it nije tema. It temagebiet iepene mei-inoar mei twa darkrides: Geisterschloss en Ciao Bambini. Fan dat stuit ôf makke it attraksjepark dúdlik gebrûk fan de ûnderfiningen en ynspiraasje dy 't de famylje Mack yn Amerikaanske attraksjeparken opdien hie. In part fan de attraksjes dy't boud waarden yn de jierren 80, wiene dúdlik ynspirearre op attraksjes yn it Disneyland Resort en Walt Disney World Resort. Sa is it Geisterschloss basearre op The Haunted Mansion en Ciao Bambini op it's a small world. Opfallend is dêrby dat it Walt Disney World Resort yn 1982 it attraksjepark Epcot iepene. In attraksjepark dat foar it grutste part ek as tema lannen hat.
De twadde monorail "EP-express" iepene yn 1995 mei in tal stasjons en tsjinne as transportsysteem troch it hiele park. Dêrby iepene Europa-Park it earste hotel. It "hotel El Andaluz" mei as tema Portegal. Yn 1996 iepene it temagebiet Dútslân. Yn 1998 iepene it attraksjepark in kampearterrein dêr't besikers oernachtsje koene. It kampearterrein waardt yn 2010 útwreide mei bebouwing yn de styl fan it Wylde Westen. Yn 2014 iepene it suver oerdekte temagebiet "Königreich der Minimoys". It park wike hjirby ôf fan it lannetema.
Op 26 maaie 2018 waard de darkride "Piraten in Batavia" yn it Nederlânske temagebiet troffen troch in brân. Ek in part fan it temagebiet Skandinaavje waard ferwoaste, wêrtroch't wyldwetterbaan "Fjord Rafting" tydlik sletten wurde moast. Looopings, 26-5-2018, Europa-Park getroffen door enorme brand: attractie verwoest Riedplachte op 8-7-2024 Looopings, 26-5-2019, Eén jaar na megabrand in Europa-Park: 'Mijn levenswerk werd verwoest' Riedplachte op 8-7-2024 Op 28 novimber 2019 waard it swimbadkompleks "Rulantica" iepene foar besikers. Looopings, 4-12-2019, Europa-Park opent waterpark Rulantica: de eerste reacties Riedplachte op 8-7-2024
Op 19 juny 2023 waard Europa-Park opnij troffen troch in grutte brân. Dy ûntstie yn in technyske romte yn in gebouwekompleks oan de râne fan it Eastenrykske temagebiet. De brân sloech letter ek oer nei it Spaanske gebiet. Achtbaan "Alpenexpress "Enzian"", de "Tiroler Wildwasserbahn" it Spaanske stasjon fan de "Panoramabahn" rekken skansearre, de walktroughattraksje "Yomi-Zauberwelt der Diamanten" gie hielendal ferlern en der waarden ek twa sûvenirwinkels troffen. Looopings, 31-1-2024, Foto's: Europa-Park gestart met heropbouw afgebrande attracties Riedplachte op 8-7-2024 Walktroughattraksje "Yomi-Zauberwelt der Diamanten" waard ferfongen troch in klimpark mei de namme "Yomi Abenteuer Trail" die yn 2024 iepene. Looopings, 25-11-2023, Europa-Park bouwt nieuw avonturenparcours: touwbruggen, rotspartijen en trollen Riedplachte op 8-7-2024
Temagebieten thumb|right|200px Dútslân Yn it temagebiet Dútslân sit de haadetree fan it attraksjepark. De haadetree sit ûnder in monorailstasjon. Achter de haadetree sit in leane, de Deutscher Allee, mei oan beide siden gebouwen dy 't kwa arsjitektuer basearre binne op de bebouwing yn Súd-Dútslân. Healwei dizze haadstrjitte oerspant in poarte mei in klokketoer de strjitte. Yn de bebouwing binne hoareka en winkels. Krekt njonken it monorailstasjon binne restanten fan 'e Berlynske Muorre. Yn in sydstrjitte fan 'e haadstrjitte sit de attraksje Voletarium, dêr 't it eksterieur fan ôfwykt fan dat fan 'e haadstrjitte. Njonken it Swarte Wâld restaurant is it karnavalsmuseum. Oan de ein fan de haadstrjitte makket bebouwing plak foar in parkachtige omjouwing. Oan dit park leit Slot Balthasar en ek in tal attraksjes, wêrûnder it stasjon fan de stoomtrein en in oldtimerbaan.
Attraksjes Namme TypeOpm.100pxElfenfahrtWetterattraksje100pxVoletariumBewegingssimulatorOldtimer-FahrtrûnritMarionetten-BootsfahrtWetterattraksje Jim KnopfrûnritPanoramabahn-stasjon"Dútslân"TreinFolgjende halten: Ingelân, Spanje en Ruslân.EP-Express-stasjon"Alexanderplatz"MonorailFolgjende halten: Hotels, Spanje en Grikelân. Horeaka Namme TypeKeuken Rock Café Betsjinning moarnsbrochje, hamburgers en bowls Schwarzwälder Vogtshaus Kafetaria Dútske lekkernijen lykas Fleischäs', Bratwurst, Schinken en wyn út de regio Baden.Walter's WurstbudeLoketferkeapDútske lekkernijen Bratwurst en Currywurst.Restaurant Schloss BalthasarAll la carte restaurantGerjochten út Baden en de Elzas. thumb|right|200px
Eastenryk It temagebiet Eastenryk is dekorearre as berchlandachap. Hjiryn sitte achtbaan Alpenexpress "Enzian", beamstamattraksje "Tiroler Wildwasserbahn" en in klimppark, wêrby't de achtbaan en beamstamattraksje krúst wurde. Yn it bûtengebiet binne in sweefmûne, biergarten en it restaurant Seehaus dat útsjoch biedt op in mar. Attraksjes Namme TypeOpm.100pxAplenexpress EnzianAchtbaanJosefinas kaiserliche ZauberreiseWetterattraksje100pxWiener WellenfliegerSweefmûneDonau DampferRûnfeartWürmchen Wies'nBoartersplakYomi Abenteuer Trailklimpark100pxTiroler WildwasserbahnBeamstamattraksje Horeaka Namme TypeKeukenErdinger WeißbiergartenBiergartenNjonken ferskate bierspesjaliteiten serveare se hjir ek alderhande hertige lekkernijenSeehausSelsbetsjinningsrestaurantFerskate Eastenrykske spesjaliteitn lykas Wiener Schnitzel, brette hin. Käs'Spatzen, Kaiserschmarrn.Tiroler JausenstandlKafetariaEastenrykske snacks lykas Kässpatzen en Käsekrainer thumb|right|200px
Frankryk It temagebiet Frankryk is boud om in fiver hinne. Blikfanger is in grutte sulveren bol oan it haad fan de fiver. Yn dizze bol sit de achtbaan Eurosat - CanCan Coaster. Under de bol húsfestet de darkride Madame Freudenreich Curiosités. Tegnover de bol, oan de oare kant fan de fiver, sit de 75 meter hege útkyktoer Euro Tower. Oan wjerskanten fan de fiver stiet ferskate bebouwing yn Frânske arsjitektuer. De gebouwen húsfestje hoareka en winkels. It temagebiet hat in sydstrjitte dêr 't de dekoraasje yn it teken stiet fan de filmwrâld. Yn de sydstrjitte binne tapaslik in 4 D-bioskoop en studioromtes dêr 't Europa-Park de mooglikheid hat om media te produsearjen. Achter de sulveren bol sit de achtbaan Silver Star. Attraksjes Namme TypeOpm.100pxEuro TowerUtsjochtoer75 meter heech100pxEurosat - CanCan CoasterAchtbaanDe achtbaan sit folslein yn in 45 meter hege grize koepel.100pxMadame Freudenreich CuriositésDarkride4D bioskoopBioskoop100pxSilver StarAchtbaanOant 2012 de heechste achtbaan fan Europa. Horeaka Namme TypeKeukenTarte Flambée FlammkuchenstandLoketferkeapBoppe iepen fjoer bakte flammkuchen en wyn út de Elzas.Petite FranceSelsbetsjinningsrestaurantMoarnsbrochje, lunch mei krokante hin of kordon bleu, en kofjespesjaliteiten mei swiete lekkernijen út Frankryk.Elzasser BakkerijBakkerskafeekopke kofje to-go, croissants, beleine stokbroadsjes en tartelettes mei fruit.Chez MarianneLoketferkeapKofjespesjaliteiten, gebak, baguettes, wyn, cocktails en sjampanjeMille FleursSelsbetsjinningsrestaurantItaljaanske gerjochtenBistro Tomi UngererBetsjinningFrânske gerjochten lykas Flammkuchen, kafee au lait en in wiidweidich gebakbuffet.Crêperie NadineLoketferkeapFrânske crêpes mei ferskillende swiete en hertige yngrediïnten.Motorsports BarLoketferkeapHertige nacho's, farske hotdogs en koele drankjes.Happiness Station Silver StarLoketferkeapSoftiis mei fruit, toppings en sauzen thumb|right|200px
Grikelân Temagebiet Grikelân is kwa arsjitektuer ynspirearre op it Grykske eilân Santorini. Oan in mar is in doarp realisearre mei wite bepleistering en blauwe dakken. Yn de gebouwen binne winkels en hoareka. Under it doarp leit de ynteraktive darkride Abenteuer Atlantis. De entree leit op in healferdjippe lizzing mei it strjitnivo. Yn ien fan de gebouwen op strjitnivo sit madhouse Fluch der Kassandra. Op de boppestende ferdjipping fan it doarp is in stasjon fan de monorail. Foar it wite doarp oer sit in teäter dêr 't benammen reedrydshows organisearre wurde. Oan it doarp grinzet in mar dêr 't men fan de terrassen fan de ferskate hoareka útsjoch op hat. Yn en om de mar leit de wetterachtbaan Poseidon. Efter dizze achtbaan leit achtbaan Pegasus. Attraksjes Namme TypeOpm.100pxAbenteuer AtlantisDarkride100pxPoseidonAchtbaan100pxPegasusAchtbaan100pxEP-Express-stasjon"Grikelân"MonorailFolgjende haltes: Dútslân (stasjon "Alexanderplatz"), Hotels en Spanje.Fluch der KassandraDraaiend hûs Horeaka Namme TypeOpm.Taverna MykonosSelsbetsjinningsrestaurantGrykske spesjaliteiten lykas gyros, salade mei feta, pitabôle en tzatziki
Ierlân Ierlân is benammen rjochte op bern en bestiet dus benammen út berneattraksjes lykas in berneachtbaan, oldtimerbaan en boarterstún. Yn it temagebiet stiet in gebou dekorearre as kastiel, in ferwizing nei de myte om de Fairies en harren kastiel hinne. Ek binne der ferwizings yn it temagebiet nei de Leprechauns te finen. Attraksjes Namme TypeOpm.Old Mac Donald’s Tractor FunRûnrit100pxBa-a-a ExpressAchtbaanDancing DingieSkommelskipSheep RockWetterattraksjeLimerick CastleBoarterstúnParcours BIG Bobby CarRinnautootsjes foar pjuttenLittle Lamb’s LandBoarterstún100pxSpinning DragonsSpin 'n PukeTower Tow Horeaka Namme TypeKeukenThe O'Mackay's Café and PubselsbetsjinningsrestaurantIerske lekkernijen, lykas Shepherd's Pie, gebak en iis of foar de folwoeksenen in glês Guinness thumb|right|200px
Ingelân