Herman van de Poll (Amersfoort, 5 novimber 1952 - Smilde, 12 desimber 2024) wie in Nederlânske keunstskilder. Hy makke fan sirka 2004 ôf skilderijen op doek en op papier yn in geometrysk-abstrakte styl. Hy wenne yn Smilde en hie dêr syn atelier.
Biografy Jonkheid en oplieding Al fan syn tsiende jier ôf skildere en tekene Van de Poll in soad. Dat sette him troch yn û.o. stillibbens en surrealistyske wurken oant om 1998 hinne. Herman van de Poll, op Digitaal Kunstbeheer. Argivearre op 1 febrewaris 2023.
Yn de jierren 1970 folge Van de Poll de oplieding ta ferpleechkundige en wurke er ûnder oare op de hertbewekkingsôfdieling fan Nij Smellinghe yn Drachten.
Yn 1998 sette er útein mei in stúdzje oan de Akademy Minerva yn Grins, om him sa fierder te ferdjipjen yn it skilderjen. Herman van de Poll, op Bos Fine Art Troch syn foaroplieding en ûnderfining as autodidakt koe er dêr al yn it tredde jier begjinne; yn jannewaris 2001 helle er syn eindiploma. Op Minerva learde er boppedat syn skilderfreon Albert de Wilde kennen, dy 't lykas hy súdlik fan Assen wenne. website, Herman van de Poll. Argivearre op 17 maaie 2022.
Geometrysk abstrakte skilderkeunst Om 1999 hinne kaam Van de Poll yn oanrekking mei de Gaosteory dy 't him bot fassinearre. De matematyske foarmen dêrfan beaen him in foarmtaal foar syn skilderijen dy 't al fan om 2000 ôf oan abstrakt begûnen te wurden; de trijehoeken, fjouwerkanten en sirkelfoarmen komme yn it wurk fan dy tiid in soad werom. Herman van de Poll, op digitaal Kunstbeheer. Argivearre op 1 febrewaris 2023. Trije jier letter waard er pakt troch de ideeën en de mjitkundige figueren fan de fractals. Dy krigen in enoarme ynfloed op de foarmtaal fan syn skilderkeunst fan likernôch 2002 ôf, oant no ta.
Om 2006 hinne kaam der tusken Van de Poll en syn kollega-keunstners Albert de Wilde en Fons Heijnsbroek in wiidweidige útwikseling op gong - yn wurden èn yn bylden - oer it tema Ruimte in de schilderkunst, wat alle trije de keunstners bot dwaande hold. Dat resultearre yn de mienskiplike eksposysje Trialoog over Ruimte yn it Glêzen Hûs yn Amsterdam. It waard in 3-manstentoanstelling fan skilderijen ynklusyf teksten dy 't in werjefte bea fan harren ûnderlinge trialooch. buurtonline Buitenveldert Trialoog in Ruimte, 8 - 25 maart 2007. Argivearre op 16 maaie 2022. Van de Poll ferwurde by dy gelegenheid syn eigen stribjen sa: Ik wil vorm geven aan het aspect van de oneindigheid van de Ruimte, waarbij het bestaan van 'fractals' uit de wiskunde een belangrijke inspiratiebron is. Mijn schilderijen zijn sterk gelaagd, zodat de kijker diep naar binnen kan gaan zonder dat er grenzen worden gesteld. Trialoog over Ruimte, op IndymediaNL, 2007
Utstallingen Yn maart 2017 die Van de Poll mei syn wurk mei yn de bysûndere eksposysje fan it 'Jier fan De Stijl', yn de Nicolaitsjerke yn Utert, dêr 't doe Rietveld's masterwurk 'Leve de Stijl' tentoansteld waard.
Syn skilderijen binne yn ferskate eksposysjes toand yn galery Stijl yn Arnhim, dêr 't in oantal fan syn wurken ek yn de kolleksje opnommen binne. stock van galerie Stijl. Argivearre op 7 juny 2023.
Yn 2004 waarden in oantal fan syn geometrysk-abstrakte skilderijen opnommen yn de kolleksje fan it CBK Assen.
Yn 2015 waarden syn wurken waarden presintearre yn de keunstmanifestaasje 'Symposion', yn Gorinchem. Symposion 2015, Gorinchem. Argivearre op 19 juny 2021. Van de Poll syn fisy op syn eigen keunst kaam hiel útsprutsen oerien mei it tema fan dat jier: 'de ûntwikkelings yn de geometrysk-abstrakte, konstruktivistyske keunst en de ynfloed dêrfan op de hjoeddeistige keunstuterings'.
Van de Poll die geregeldwei mei oan eksposysjes fan Het Drents Schildersgenootschap, dêr 't er by oansletten wie. Herman van de Poll bij Drents Schildersgenootschap,. Argivearre op 2 desimber 2022.
Keppelingen om utens Herman van de Poll, op Digitaal Kunstbeheer 55 afbeeldingen van zijn werken, op SaatchiArt 'Mijn thema is Chaos, 2011', tekst fan Herman van de Poll oer de rol fan Chaos yn syn skilderjen, op Internet Archive 'Over schilderij 'Chaos 60' van Herman van de Poll 2008' - troch Fons Heijnsbroek, op Internet Archive 'Over schilderij 'Chaos 66' van Herman van de Poll 2008' - troch Fons Heijnsbroek, op Internet Archive
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Abstrakte keunst Kategory:Akademy Minerva Kategory:Persoan berne yn 1952 Kategory:Persoan stoarn yn 2024