De Afrikaanske swarte ein (Anas sparsa) is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). Thomas Eyton publisearre yn 1838 foar de earst kear de wittenskiplike namme fan it skaai.
Beskriuwing thumb|left|De ein yn it Súdafrikaanske natuerreservaat Rietvlei. De 48 oant 57 sm grutte ein hat in swart fearrekleed mei wite flekken op 'e rêch. It mantsje is grutter as it wyfke, mar der binne fierder gjin ferskillen yn 'e kleur. De spegel op 'e wjuk is poarper-blau en fral te sjen as de ein fleant. De fûgels wurde somtiden mei gielsnaffeleinen ferwiksele.
Fersprieding De Afrikaanske swarte ein libbet fral yn it easten en it suden fan Afrika ûnder de Sahara oant Súd-Afrika ta. Der binne isolearre populaasjes yn it westen fan Ekwatoriaal Afrika, yn it súdeasten fan Nigearia, Kameroen en Gabon.
It biotoop fan 'e fûgel bestiet deis út rivieren en beken en nachts út grut iepen wetter. De ein hâldt fan wetter yn it beboske heuvellân fan Afrika en ferstoppet syn fan gers en takjes makke nêst tichteby streamend wetter op 'e grûn.
De soarte komt yn Afrika foar en bestiet út twa ûndersoarten:
A. s. leucostigma: fan Nigearia oant Kongo-Kinsjasa, Sûdan, Etioopje, Simbabwe en Angoala. A. s. sparsa: fan Namybje en súdlik Simbabwe oant Súd-Afrika.
Fuortplanting en iten De Afrikaanske swarte ein is in skouwe fûgel mei in sterk territoariumgedrach. Meastentiids wurdt er yn lytse groepkes of pearkes sjoen. Se briede it hiele jier troch yn ferskillende gebieten. In lechsel bestiet út 4 oant 8 aaien en de aaien komme nei 30 dagen út. It wyfkes soarget foar de piken.
De Afrikaanske swarte ein is net sinnich en yt larven, wetterdierkes, plantaardich materiaal, sied, lytse fiskjes, slakken en krabben.
Fok De Afrikaanske swart ein waard foar it earst yn 1914 út Natal yn Nederlân ynfierd en yn 1916 wie der foar it earst in slagge fok. Nei de jierren 1960 waard de fûgel populêrder as sierfûgel, mar wurdt dochs faker yn grutte dieretunen holden. By it hâlden fan 'e ein moat rekken holden wurde dat de fûgel gefoelich is foar kjeld.
Status De ein stiet as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ein (skaai) Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda