André Miguel Bertelsen Drege (Ålesund, 4 maaie 1999 - Heiligenblut 6 july 2024) wie in Noarsk hurdfytser.

Karriêre Yn augustus 2021 waard Drege sânde yn de Himmerland Rundt en njoggende yn de Skive-Løbet. In goed moanne letter waard er sânde yn de Gylne Gutuer.

Yn 2022 makke Drege de oerstap nei "Team Coop", dêr't er yn it neijier fan 2021 al staazje rûn hie. Yn maart wûn hy de Grutte Priis fan Rhodos, troch syn ploechgenoat Andreas Stokbro en Christian Koch foar te bliuwen yn de sprint.

Yn de fjirde etappe yn de Omgong fan Noarwegen fan dat jier ried Drege, tegearre mei fiif oaren, mear as twahûndert kilometer yn de oanfal, foardat werom pakt te wurden troch it peloton. Begjin septimber wûn er de Gylne Gutuer troch solo as earste oer de streek te kommen.

André Drege ferstoar op 6 july 2024, yn 'e âldens fan 25 jier, by fal yn it delkommen fan de Großglocknerpas yn de fjirde etappe fan de Omgong fan Eastenryk. Sporza, 6-7-2024, Drama in Ronde van Oostenrijk: Noorse renner André Drege (25) komt om het leven na val in afdaling Riedplachte op 6-7-2024 De lêste etappe fan de omgong fan Eastenryk waard skrast, yn plak derfan waard besletten om in etappe neutralisearre te riden. Sporza, 7-7-2024, Slotetappe Ronde van Oostenrijk omgevormd tot eerbetoon aan overleden André Drege Riedplachte op 7-7-2024

Oerwinningen 2022 - Grutte Priis fan Rhodos 2022 - Gylne Gutuer 2023 - Memorial Fred De Bruyne

Ploegen 2021-2024 - Team Coop

Kategory:Noarsk hurdfytser Kategory:Persoan berne yn 1999 Kategory:Persoan stoarn yn 2024