De Chathamein (Anas chathamica) is in útstoarne einfûgel, dy't ea op 'e Nij-Seelânske Chathameilannen yn it súdwesten fan 'e Pasifyske Oseaan libbe. Nei alle gedachten stoar de ein yn 'e 16e iuw troch de jacht fan minsken út.

Taksonomy De soarte waard earder yn it monotypyske skaai Pachyanas yndield. Neffens in analyse fan mitogondriaal DNA fan in subfossyl koe oantoand wurde dat de Chathamein yn it skaai einen (Anas) thúshearde. Fan 'e noch libjende fûgels hiene se de measte sibskip mei de Nij-Seelânske Aucklandtsjilling, de Campelltsjilling en de brune tsjilling.

Beskriuwing De Chathamein waard mei help fan bonken út 'e samling fan it Canterbury Museum yn Christchurch yn 1955 troch Walter Oliver yn 'e twadde edysje fan New Zealand Birds as in stevich boude ein beskreaun. Guon skriuwers ha suggerearre dat de fûgel net fleane koe, mar yn ferlikening mei oare einesoarten wiene de bonken fan 'e wjukken fan 'e soarte net bot redusearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ein (skaai) Kategory:Lânseigen fauna yn de Chathameilannen Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Bist útstoarn yn de 16e iuw