It spegelreadsturtsje (Phoenicurus auroreus) is in East-Aziatyske fûgelsoarte út de famylje fan 'e Muscicapidae (miggesnappers).
Beskriuwing thumb|left|Mantsje en wyfke. It spegelreadsturtsje is tusken de 14 oant 15 sm lange fûgel en lykas by oare soarten fan it skaai Phoenicurus binne de ferskillen tusken de geslachten grut. Mantsjes hawwe yn 'e briedtiid in grize krún en nekke mei in ljochtere foarholle en in ljocht streek by de krún lâns, in swart gesicht en kin, in brune mantel en brune wjukken mei in grutte wite flek (spegel). It boarst, de búk en de stút binne oranje, lykas ek de sydkanten fan de fierder swarte sturt. Jonge mantsjes binne itselde tekene, mar saaier en minder sprekkend.
Wyfkes binne fan boppe brún en bleker fan ûnder en hawwe in ljochte eachring. De stút en de bûtenste sturtfearren binne oranje. Lykas de mantsjes ha wyfkes ek in wite wjukflek.
Snaffel, poatsjes en eachjes binne fan beide geslachten swart.
Fersprieding De spegelreadsturt libbet yn iepen bosk, oan boskrânen en fjildrânen. De fûgel wurdt faak yn parken en stedstunen sjoen.
Fan 'e fûgel binne twa ûndersoarten bekend:
Phoenicurus auroreus auroreus - briedt fan Súd-Sibearje oant Mongoalje en migrearret nei Japan en de Rjûkjû-eilannen. Phoenicurus auroreus leucopterus – briedt yn it west fan Sina, it súdeasten fan Tibet, it noardwesten fan Tailân en migrearret nei it noarden fan Birma.
Status It spegelreadsturtsje hat in tige grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't net bekend is hoe grut de populaasje is, wurdt der oannommen dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list fan IUCN as net bedrige klassifisearre.
Kategory:Readsturtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia