It wetterreadsturtsje (Phoenicurus fuliginosus) is in lytse Aziatyske fûgel fan 'e famylje miggesnappers (Muscicapidae).

Beskriuwing thumb|left|Mantsje. thumb|left|Wyfke. It mantsje fan it wetterreadsturtsje is in 12 oant 13 sm lang fûgeltsje mei in karakteristike reade stút en sturt. Fierder is de fûgel blau. De snaffel is swart en de poatsjes binne hûdkleurich.

Wyfkes binne fan boppe laaigriis mei oan 'e sydkanten fan it kopke wat brún. Se ha in wite stút en de sturt wurdt fan 'e stút fan nei bûten ta hieltiten witer; de bûtenste sturtfearren binne hielendal wyt. De ûnderkant fan it bealchje is griis mei lytse wite flekjes.

De soarte hat in sterk territoariumgedrach en giet in fûle striid oan mei alle ynkringers.

Fersprieding en ûndersoarten It fûgeltsje waard earder yn it skaai Rhyacornis set, mar waard op basis fan 'e resultaten fan in yn 2010 publisearre molkulêr fylogenetysk ûndersyk by de Phoenicurus yndield.Handbook of the Birds of the World. Internet Bird Collection.. Lykas de namme oanjout libbet de soarte oan streamend wetter en yn 'e Himalaya tusken 2000 en 4.100 m boppe seenivo. Winterdeis siket er legere gebieten op.

De wetterreadsturt is ferdield yn twa ûndersoarten:

Phoenicurus fuliginosus fuliginosus (Vigors, 1831)– komt yn 'e Himalaya fan Pakistan oant Birma, súdwest Tibet en westlik Sina en Noard-Fjetnam foar. Phoenicurus fuliginosus affinis (Ogilvie-Grant, 1906) – komt yn Taiwan foar.

Wyfkes en jonge mantsjes binne yn Sina fan boppe wat bruner en moatte mooglik ûnderbrocht wurde by de aparte ûndersoarte tenuirostris.Handbook of the Birds of the World. Internet Bird Collection..

Iten Wetterreadsturtsjes ite fral ynsekten en út en troch ek sied en beien. Om ynsekten te fangen fleant de fûgel oant 7 meter heech boppe it wetter en glidet dan yn in spiraal nei ûnder werom nei it plak dêr't er weikaam.

Status Wetterreadsturtsjes ha in tige grut ferspriedingsgebiet. De populaasje is stabyl en der binne gjin ûntwikkelingen dy't in bedriging foarmje. Alhoewol't de oantallen ûnbekend binne, wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige op 'e Reade list klassifisarre. De fûgel is algemien yn Noard-Pakistan en Noard-Yndia, mar yn Súd-east-Aazje minder en allinne lokaal algemien oanwêzich.

Kategory:Readsturtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj