De lytse miggesnapper (Ficedula parva) is in sjongfûgel út de famylje miggesnappers (Muscicapidae). It is in trekfûgeltje dat yn Europa en West-Aazje briedt en yn Pakistan en Yndia oerwinteret.

Beskriuwing thumb|Bird notes (1913) (14563437438)|left|Yllustraasje fan mantsje en wyfke. De lytse miggesnapper is in 11 oant 12 sm lange fûgeltsje, dat behindich en ûnrêstich troch it beamtegrien beweecht. It is ien fan 'e lytste miggesnappers en krekt wat grutter as in tomke. De fûgel hat in opfallende wite eachring en in lytse donkere snaffel mei oan 'e ûnderkant fan 'e snaffel in oranjegiele basis. De kop en it boppebealchje binne mat griis en de wjukken brúneftich. It mantsje hat yn 'e briedtiid in oranje kielflek, dy't earst yn it twadde libbensjier ferskynt en faak by it âlder wurden wer fealer wurdt. Fierder is it fûgeltsje oan 'e ûnderkant ljochtbêzje. By it sitten beweecht de fûgel in soad mei it sturtsje en dan is te sjen dat de sturt swart is, mei oan wjerskanten in soad wyt.

It wyfke hat ek in ljochtbêzje boarst mei somtiden ek noch wat oranje op 'e kiel of op it boarst.

Fersprieding De lytse miggesnapper briedt yn East-Europa, Súdeast-Sweden (dêr't de fûgel sûnt 1944 in briedfûgel is), Súd-Finlân, de Baltyske steaten oant djip yn Ruslân oant de Oeral. Dy populaasje giet yn Aazje oer yn 'e populaasje fan 'e taigamiggesnapper (F. albicilla). Earder waard de taigamiggesnapper as in ûndersoarte fan 'e lytse miggesnapper beskôge, mar tsjintwurdich wurdt de lytse miggensnapper as monotypyske soarte behannele, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten binne.

It leefgebiet fan 'e lytse miggesnapper bestiet út mingd leaf- en nullewâld mei fral de boekebeam, mar ek de iik of de spjirre, fral yn it noarden. De fûgel hat in foarkar foar bosk mei grutte beammen en in soad ûndergroei, mar ek mei iepen plakken en boskmarkes. De lytse miggesnapper wurdt ek wol sjoen yn hôvings of wyngebieten. Yn 'e Kaukasus komt de fûgel oant in hichte fan 2350 m boppe de seespegel foar. Bûten de briedtiid wurdt de fûgel ek waarnommen yn parken en tunen as dêr ek grutte beammen stean.

Yn Nederlân komt de lytse miggesnapper net in soad foar en allinne as trochtrekker. By lytse miggesnappers wurdt relatyf faak it fenomeen fan 'e omkearde migraasje waarnommen. Fral jonge fûgels migrearje in rjochting út, dy't krektoarsom is fan 'e goede rjochting. De oarsaken dêrfan binne net goed ûndersocht, mar mooglik hat it te meitsjen mei meteorologyske omstannichheden. Faak komme dy fûgels dan oan 'e Noardseekust, Súd-Ingelân of West-Frankryk telâne.Dútsk lemma oer de lytse miggesnapper. Der binne yn Nederlân gjin wisse briedgefallen fêststeld en de grutste kâns om in lytse miggesnapper te sjen is op 'e Waadeilannen en op 'e Maasflakte. Alhoewol't it liket dat de fûgel syn briedgebiet nei it west ta útwreidet, leit it briedgebiet fan 'e fûgel noch likernôch 150 km eastlik fan 'e Nederlânske grins yn Dútslân.

Nêst thumb|left|Aaikes fan 'e lytse miggesnapper. De lytse miggesnapper is in hoalebrieder. Ek wurde wol spjalten yn rotsen brûkt foar de bou fan in nest. It wyfke boud it nêst en it mantje helpt faak allinne mar de earste dagen mei it bringen fan nestmateriaal. De hichte fan it nêst ferskilt fan hast op 'e grûn oant wol 20 meter en mear. It lechsel bestiet út 4 oant 7 aaikes. De briedtiid duorret likernôch 15 dagen en nei it útkommen bliuwe de jonge fûgels noch sa'n 16 dagen yn it nêst. De measte lytse miggesnappers begjinne healwei juny mei it lizzen fan aaien en it brieden. Lytse miggesnappers briede ienris yn 't jier.

Status De lytse miggesnapper hat in tige grut ferspriedingsgebiet. De Europeeske populaasje waard yn 2015 op 3.290.000-5.090.000 pearkes rûsd. Yn Europa briedt teminsten 95% fan 'e populaasje en der wurdt oannommen dat de populaasje groeid. De fûgel stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.Birdlife, oproppen 9 juny 2024.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bûnte miggesnapper Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan