Stêd Follenhove is in eardere gemeente yn de Kop fan Oerisel yn de Nederlânske provinsje Oerisel. De gemeente ûntstie yn 1818 doe't de gemeente Follenhove ôfspjalte waard yn Stêd en Amt Follenhove. De gemeente Follenhove waard yn 1811 foarme mei it gearfoegjen fan de stêd Follenhove en it Lân fan Follenhove. De gemeente Stêd Follenhove bestie allinnich út de stêd Follenhove, kreksa as by de sitewaasje fan foar 1811.
Yn 1942 waarden Stêd en Amt Follenhove fannijs gearfoege ta de nije gemeente Follenhove. Yn 1973 waard dy gemeente mei de gemeenten Bloksyl, Giteren en Wanneperfean gearfoege ta de gemeente Brederwiede, dy't yn 2001 mei de gemeenten Iselham en Stienwyk ta de nije fúzjegemeente Stienwikerlân gearfoege waard.
Boargemasters AmtstiidrekNamme boargemasterPartij of streamingBysûnderheden1818-1821 Izaak de Koning wie boargemaster fan de ûnferparte gemeente Follenhove1821-1838 Gerard Johan Jacobson 1838 mr. Onno Zwier van Sandick waard offisier fan justysje1839-1841 mr. Hendrik Kronenberg 1841-1845 mr. Willem Jan Carel Putman Cramer hy en al syn opfolgers wiene tagelyk boargemaster fan Amt Follenhove1845-1851 mr. Jan Arend Godert baron de Vos van Steenwijk 1851-1859 mr. Gerardus Everhardus Vos de Wael 1859-1885 Antonij Johan ten Cate waard boargemaster fan Amt Delden en fan Stêd Delden 1885-1913 Anthony baron Sloet van Oldruitenborgh 1914 C.A. Besier 1914-1924 jhr. Constant Leopold Balthazar Willem van Suchtelen van de Haare 1924-1926 jhr. Henri Beelaerts van Blokland 1926-1940 mr. W.C. ten Kate waard boargemaster fan Goes1940-1942 mr. Frederik Reinhard Crommelin bleau boargemaster fan de fannijs foarme gemeente Follenhove
Kategory:Eardere gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1818 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1942