De toefibis of túfibis (Lophotibis cristata) is in fûgel út de famylje fan 'e ibissen en leppelbekken (Threskiornithidae). De toefibis is in endemyske fûgel op Madagaskar.

Beskriuwing De foar in grut part brún oant swartbrune toefibis is likernôch 50 sm grut. De foarste helte fan 'e wjukken binne wyt. De kop is swart mei in irisearjende griene of blauwe glâns en in keal read gesicht efter de snaffel en om 'e eagen hinne. Op 'e efterkant fan 'e kop sitte swart mei wite toeffearren. De kromme snaffel is gieleftich.

Iten en briedtiid It iten fan 'e toefibis bestiet út ynsekten en larven, wjirms, slakken, hippers, spinnen, somtiden ek sûchdieren, reptilen en kikkerts. Toefibissen foerazjearje faak yn pearkes of groepkes.

De fûgels briede tusken septimber en jannewaris. De grutte nêsten wurde fan tûken, gers en blêdmateriaal makke yn beammen. In lechsel bestiet út twa of trije aaien.

Fersprieding en ûndersoarten Toefibissen libje yn alle soarten ynhiemsk bosk, sawol de fochtige bosken yn it noarden en easten as drûge bosken yn it suden en westen.

De soarte bestiet út twa ûndersoarten: IOC World Bird List (v13.1). Lophotibis cristata cristata: noardlik en eastlik Madagaskar. Lophotibis cristata urschi: súdlik en westlik Madagaskar.

Status Op de soarte wurdt in soad jage en der is sprake fan biotoopferneatiging yn it easten fan it lân. De populaasje wurdt op likernôch 10.000 fûgels (rûchwei 6.700 fulwoeksen fûgels) rûsd. De fûgel stiet op 'e Reade List fan de IUCN as kwetsber klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wylpreagerfûgel Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar