Follenhove is in eardere gemeente yn de Kop fan Oerisel yn de Nederlânske provinsje Oerisel. Haadplak wie de stêd Follenhove.

Skiednis De earste gemeente Follenhove hat lykwols mar foar in koart skoftke bestien, fan 1811 oant 1 july 1818 doe't er spjalte waard yn Stêd Follenhove en Amt Follenhove. De twadde gemeente Follenhove ûntstie op 1 febrewaris 1942 troch it gearfoegjen fan de Stêd en Amt Follenhove mei guon grinskorreksjes.

Op 1 jannewaris 1973 waard de gemeente, mank mei de gemeenten Bloksyl, Giteren en Wanneperfean gearfoege ta de gemeente Brederwiede. Op 1 jannewaris 2001 gie Brederwiede mei Iselham en Stienwyk op yn de nije fúzjegemeente Stienwikerlân.

Wapen Op 10 augustus 1942 krige Stêd Follenhove in nij wapen, nei oanlieding fan de fúzje mei Amt Follenhove. Om't Stêd op dat stuit net mear bestie, waard dat wapen it wapen fan de nije gemeente Follenhove.

Kearnen Njonken de stêd Follenhove, dêr't de eardere gemeente Stêd Follenhove allinne út bestie, bestie de gemeente Follenhove út de folgjende kearnen dy't part fan de eardere gemeente Amt Follenhove wiene: Sint-Janskleaster en de buorskippen Baarlo, Barsbeek, De Dune, Heetveld, Kadoelen, Kúnderdyk, Leeuwte, Poepershoek en Zuurbeek.

Boargemasters AmtstiidrekNamme boargemeasterPartij of stromingBysûnderheden 1811 - 1814 Jan Herman Sigismund Mauritz van Nagell waard yn 1814 jonker en yn 1822 baron 1814 - 1817 P.J. Fenema 1817 - 1818 Izaak de Koning bleau boargemaster fan Stêd Follenhove 1818 - 1942 twa gemeenten: Amt Follenhove en Stêd Follenhove 1942 - 1944 mr. F.R. Crommelin wie sûnt 1940 boargemaster fan Stêd en Amt Follenhove 1944 E. Lambers waarnimmend; tagelyk waarnimmend burgemeester fan Wanneperfean en Swollerkarspel 1944 - 1945 A.C. van Driel NSB waarnimmend, ek boargemaster fan Wemeldinge west 1945 - 1950 mr. F.R. Crommelin earst waarnimmend, waard boargemaster fan Hellendoorn 1951 - 1957 mr. Rutger Wessel (R.W.) baron van Boetzelaer CHU waard boargemaster fan Driebergen-Rijsenburg 1957 - 1973 mr. J.G. Krol CHU letter boargemaster fan Beesd

Kategory:Eardere gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1942 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1818 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1973