De rivierreadsturt (Phoenicurus leucocephalus) is in Aziatyske sjongfûgel út de famylje Muscicapidae.

Beskriuwing thumb|left|Rivierreadsturt yn it Nasjonaal Park Doi Inthanon, Tailân. Rivierreadsturten binne grutte fûgels fan it skaai. Se binne 18 oant 19 sm lang en wege 24 oant 42 gram. De fûgel hat in opfallende wite krún, dy't bot tsjin de rest fan 'e swarte kop ôfstekt. De rêch, it boarst en de wjukken binne swart, wylst de ûnderkant fan it boarst, de búk, de stút en de boppekant fan 'e sturt kastanjeread oant oranje binne. Oan 'e ein fan 'e oranje sturtfearren rint in swarte bân. Poatsjes en de snaffel binne ek swart. Oars as wenst by oare soarten fan it skaai readsturtsjes binne der gjin opfallende ferskillen tusken mantsjes en wyfkes. Jonge fûgels binne minder sprekkend fan kleur.

Fersprieding en biotoop De fûgel komt yn Oezbekistan, Tadzjikistan, Afganistan en Kirgyzje oant oer de Himalaya nei West-Bingalen, Bangladesj Birma, Sina, Laos en it noarden fan Tailân en Fjetnam foar.

It biotoop bestiet út de iggen fan berchrivieren en beken. Op in hichte tusken 1800 en 5100 m boppe seenivo siket de fûgel op rotsen en sompich heuvellân ynsekten. Winterdeis migrearret de fûgel nei de legere gebieten en is somtiden sels yn stêden te sjen.

Iten en nêst De fûgel yt ynsekten en spinnen en oare wringeleaze dierkes en út en troch ek beien. Rivierreadsturten briede yn maaie-augustus en bouwe harren djippe, komfoarmige nêsten yn 'e grûn of rotsen, somtiden ek tusken beamwoartels. Faak briedt de fûgel twa kear. It lechsel bestiet út fiif blauwe oant blaugriene aaikes mei kastanjebrune flekjes.

Status It is net bekend hoe grut de populaasje likernôch is, mar der wurdt oannommen dat dy stabyl is, boppedat hat de fûgel in tige grut ferspriedingsgebiet. Dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Readsturtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia