De geal (Luscinia megarhynchos), ek faak it gealtsje neamd, is in sjongfûgel út de ûnderfamylje Saxicolinae, eartiids yndield by de famylje Turdidae (klysters) mar no yndield by de famylje miggesnappers. De fûgel is bekend foar syn sjongkwaliteiten en de namme is ôflaat fan it Germaanske galan, dat sjonge betsjut. Gealtsjes sjonge net allinne oerdei, mar ek nachts. Der is sels in oargelregister nei it fûgeltsje ferneamd.

Beskriuwing thumb|left|Sjongend gealtsje. De geal is in 17 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan 26 sm en in brún fearrekleed. De krún, wjukken, romp en de sturt hawwe in wat readeftige gloed, wylst de kiel en de sydkanten fan it kopke earder de grize kant útskaaie. It boarst en de búk binne ljochtbêzje. De rôze oant ljochtgiele poatsjes binne lang. It swarte eachje hat in ljocht eachring en de snaffel is donker en by de basis giel.

Wyfkes hawwe in doffere kleur as mantsjes.

Jonge fûgels binne spikkele.

Gedrach

De geal is in trekfûgel; se briede yn Europa en yn dielen fan Aazje.De fûgel is faker te hearren as te sjen en libbet ûnopfallend yn 'e strewellen. It iten bestiet út ynsekten, wjirmkes, rûpen, spinnen en oare wringeleaze dierkes. As de jonge fûgels útflein binne, fleane se tusken july en septimber nei tropysk Afrika om dêr te oerwinterjen. Healwei april binne se werom om yn Europa te brieden. It wyfke boud it nêst fan deade bledsjes, woartels, mosk, gers en fearkes op 'e grûn of yn 'e tichte fegetaasje op in hichte fan maksimaal in heale meter boppe de grûn. It lechsel bestiet út 4 oant 5 brune aaikes.

Fersprieding Gealtsjes briede yn Europa en yn dielen fan Aazje en oerwinterje yn tropysk Afrika. Yn Skandinaavje en East-Europa is de fûgel in seldsume gast. Fan oarsprong is de geal in boskfûgel, mar de geal komt hjoed-de-dei ek yn houtwâlen, parken en grutte tunen foar. Dochs libbet de fûgel ek noch yn bosk mei leechhout en in tichtbegroeide boaiem.

De fûgel komt yn Nederlân algemien foar yn 'e dunen, op 'e Waadeilannen, de Iselmarpolders en it Lauwersmargebiet. Oare gebieten mei in relatyf soad gealtsjes binne it Nasjonaal Park De Biisbosk, de Weerribben en guon gebieten oan 'e grutte rivieren. Yn it easten fan it lân is de stân fan 'e fûgel lykwols sûnt 1975 tebekrûn, in ferlies dat troch de taname yn oare lândielen teminsten foar in diel goedmakke waard. Op 'e Nederlânske Reade list wurdt de geal kwetsber neamd.

Undersoarten De soarte bestiet út trije ûndersoarten: L. m. megarhynchos: fan westlik en sintraal Europa oant sintraal Turkije en súdlik Jordaanje. L. m. africana: eastlik Turkije, de Kaukasus en noardlik en súdwestlik Iran. L. m. golzii: fan eastlik Iran oant Kazachstan, súdwestlik Mongoalje en noardwestlik Sina.

Status De geal hat in tige grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is en it tal fûgels wurdt tusken de 43.000.000 en de 81.000.000 folwoeksen fûgels rûsd. Likernôch de helte fan 'e wrâldpopulaasje komt yn Europa foar. Tusken 1980 en 2013 rûn de stân fan 'e fûgel yn Europa stadichoan tebek troch de agraryske ûntwikkelingen en mei't de bosken te netsjes holden waarden, mar tusken 2000 en 2012 herstelde de stân him.Birdlife, oproppen 9 juny 2024. De fûgel wurdt op 'e Reade list fan IUCN as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gealtsje Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda