It Himalayareadsturtsje (Phoenicurus frontalis) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers).
Beskriuwing thumb|left|Himalayareadsturtsje yn Pakistan. It 15 oant 16 sm grutte mantsje hat in blauwe kop en rêch, in oranjebrune boarst en búk en brúngrize wjukken. De fûgel hat in oranjebrune sturt mei swarte sintrale sturtfearren. It swart waaiert oan 'e ein fan 'e sturt ek út nei de oare sturtfearren. Bûten de briedtiid is it mantsje ienfâldiger en fealer fan kleur.
It wyfke is brúngriis mei oranjebrún op 'e stút en fan ûnder wat bleker.
Fersprieding De fûgel briedt fan it uterste noardeasten fan Afganistan oer de Himalaya nei it easten oant Sintraal- en Súd-Sina. De populaasjes oerwinterje yn it gebiet dat súd oan it Himalayaberchtme en it Sineeske briedgebiet grinzget, yn Bangladesj, dielen fan Birma oant it uterste noarden fan Laos, Fjetnam en Tailân.
De soarte wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten binne, mar genetyske stúdzjes wize grutte ferskillen tusken de populaasjes fan Nepal en Sina út.Ertan, K.T. (2006) The evolutionary history of Eurasian redstarts, Phoenicurus. Acta Zool. Sinica 52 (Suppl.): 310–313. Himalayareadsturtsjes briede yn hege, subalpine gebieten mei strewellen. Winterdeis siket er iepen bosk, strûken en lânbougrûn op.
Iten en nêst Simmerdeis yt de fûgel fral ynsekten, mar nei augustus ek sied en beien. Yn 'e Himalaya briedt de fûgel fan healwei maaie oant augustus en yn Sina fan maaie oant july. It nêst is komfoarmich en wurdt tusken stiennen boud, in gat yn 'e grûn, ûnder tichte begroeiing of somtiden ek yn in beamgat oant sân meter boppe de grûn. It lechsel bestiet út trije oant fjouwer ljochgriisrôze oant ljochtbêzje aaikes.
Status De fûgel hat in tige grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't de oantallen net bekend binne, wurdt der fan út gien dat de soarte stabyl is. De IUCN klassifisearret dêrom de fûgel op 'e Reade list as net bedrige.
Kategory:Readsturtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia