It swarte readsturtsje (Phoenicurus ochruros) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers). It fûgeltsje briedt yn Europa en it west fan Aazje en oerwinteret yn dielen fan Europa en yn Afrika. In lyts diel fan 'e Nederlânske populaasje oerwinteret yn eigen lân, wylst it grutste part nei súdliker streken trekt.

Beskriuwing thumb|left|Wyfke. It 14 sm lange fûgeltsje hat in brúnreade sturt. De mantsjes binne fierder swart en griis en ha in wite flek op 'e wjukken. Mantsjes fan eastlike populaasjes hawwe in brúnreade búk. Wyfkes binne brúngriis. Swarte readsturtsjes sitte faak rjochtop en trilje mei de sturt.

Fersprieding Oarspronklik komme swarte readsturtsjes út bercheftige gebieten en rotseftige lânskippen. It fûgeltsje profitearret fan it keunstmjittige lânskip dat mei stienbulten en oar boumateriaal ûntstiet by bouaktiviteiten, lykas de oanlis fan nije wenwiken. Hege sjongposten wurdt troch kranen en antennes bean.Fûgelbeskerming Nederlân: Zie! Een zwarte roodstaart, Jeanet van Zoelen (29 maart 2022)

Swarte readsturtsjes komme yn in grut gebiet fan Europa foar, mar minder noardlik as it besibbe gewoane readsturtsje. Ek is it swarte readsturtsje yn grutte dielen fan Ruslân ôfwêzich, wylst syn ferspriedingsgebiet yn ferlikening mei it gewoane readsturtsje súdliker yn Aazje leit. It Afrikaanske oerwinteringsgebiet fan it swarte readsturtsje is dêrfoaroer beheind ta it noarden en noardeasten fan dat kontinint.

Yn ús lân wurdt it tal swarte readsturtsjes op sa'n 14.000-22.000 briedpearkes rûsd. De soarte hat him de lêste desinnia nei it west fan it lân útwreide, mar de grutste konsintraasjes fan 'e fûgel lizze rûchwei yn 'e eastlike helte. Winterdeis bliuwt in lyts, mar groeiend diel efter yn ús lân, de rest trekt nei it waarmere suden fan Europa. Strange winters yn it suden fan Europa kin de Nederlânske briedpopulaasje negatyf beynfloedzje. De fûgel past him maklik oan gebouwen oan en is ek yn 'e stêd sels en op yndustryterreinen te sjen.Fûgelbeskerming, oproppen 6 juny 2024.

Der binne seis ûndersoarten fan de fûgel:Gill, F, D Donsker & P Rasmussen (Eds). 2021. IOC World Bird List (v11.2). thumb|left|In mantsje út Yndia. P. o. gibraltariensis (Gmelin, 1789): Europa en noardwestlik Afrika. P. o. ochruros (Gmelin, 1774): fan Turkije oant de Kaukasus en noardwestlik Iran. P. o. semirufus (Hemprich & Ehrenberg, 1833): westlik Syrje, Libanon en noardeastlik Israël. P. o. phoenicuroides (Moore, 1854): noardeastlik Iran en Turkmenistan oant noardwestlik Pakistan, súdeastlik Kazachstan, noardwestlik Sina en eastelijk Mongoalje. Wurdt ek wol eastlik swart readsturtsje neamd. P. o. murinus (Fedorenko, 2018): noardeastlik Kazachstan, it súdlike diel fan Sintraal-Sibearje, it noardlike diel fan Sintraal-Sina en westlik Mongoalje. P. o. rufiventris (Vieillot, 1818): fan 'e sintrale Himalaya oant Sintraal-Sina.

Guon ûndersikers ûnderskiede ek in Phoenicurus ochruros xerophilus yn Phoenicurus ochruros rufiventris en in Phoenicurus ochruros aterrimus yn Phoenicurus ochruros gibraltariensis. Dy lêste ûndersoarte soe him pas yn it Weichselyn, de lêste iistiid, ôfsplitst ha.

Iten It iten fan 'e swarte readsturt bestiet út ynsekten en beien.

Nêst thumb|left|Nêst yn in holte fan in muorre. De fûgel boud syn nêst yn holtes fan beammen, rotsen en gebouwen. It nêst bestiet út fiif oant sân wite aaikes, dy't nei twa wiken útkomme. Nei tolve oant sechtjin dagen fleane de jonge fûgels út.

Status De populaasje wurdt op 32.000.000 oant 57.999.999 folwoeksen fûgels rûsd en oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. It swarte readsturtsje hat boppedat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige.Birdlife, 6 juny 2024.

Kategory:Readsturtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara