It diadeemreadsturtsje (Phoenicurus moussieri) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers).
Beskriuwing It 12 oant 13 sm lange mantsje ûnderskiedt him troch de brede, wite eachbraustreek, dy't oant en mei de sydkanten fan 'e hals trochrint. De fûgel hat wite flekken op 'e fierder donkere wjukken, in swart masker om 'e eagen en in readbrune kiel, boarst en búk. It fealbrune wyfke is minder kleurryk as it mantsje en hat in soad fan it wyfke fan it gewoane readsturtsje. Wol is it wyfke fan it diadeemreadsturtsje oer it generaal wat lytser en hat it ek in wat read-efticher ûnderbealchje.
Fersprieding Diadeemreadsturtsjes komme yn it noardwest fan Afrika foar, benammen yn it Atlasberchtme fan súdik Marokko, noardlik Algerije en noardlik Tuneezje. Yn Europa komt de fûgel lokaal yn Spanje en op Malta foar. It fûgeltsje libbet op in hichte oant 3000 meter yn rûge rotsgebieten mei strewellen en hjir en dêr wat beammen.
Nêst thumb|left|Aaikes. It diadeemreadsturtsje boud it nêst yn strewellen of op 'e grûn en leit yn 'e regel trije oant seis aaien.
Status It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar oannommen wurdt dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne stiet de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.
Kategory:Readsturtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara