It wytkrúnreadsturtsje (Phoenicurus erythrogastrus) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers). It is de grutste fûgel út it skaai Phoenicurus (readsturtsjes).

Beskriuwing thumb|left|Fleanend wytkrúnreadsturtsje. Mei 15 oant 16 sm is it wytkrúnreadsturtsjes grutter as de lânseigen soarten fan 'e readsturtsjes. It mansje is yn prachtkleed goed te werkennen. De krún en nekke binne ljochtgriis oant wyt. De rest fan 'e kop, rêch en it boppeboarst binne swart. Ek de wjukken binne swart, útsein de dekfearren dy't wyt binne. De rest fan it ûnderbealchje, stút en sturt binne readbrûn fan kleur. It wyfke hat in soad fan 'e wyfkes fan it swarte readsturtsje. Se binne griisbrún en de sturt is fealoranje. De hân- en earmpinnen binne laaigriis mei ljochte, griisbrune seamen.

Fersprieding De soarte komt yn it heechberchtme fan Sintraal-Aazje foar op in hichte fan 2200 oant 5000 m. As briedfûgel libbet er yn 'e Kaukasus, Noard-Iran, yn Súd-Ruslân, Kazachstan, Mongoalje, West-Sina, Afganistan, Turkmenistan, Oezbekistan, Kirgyzje, Noard-Pakistan, Noard-Yndia, Nepal en Bûtan. Winterdeis siket er de dellings op oant in hichte fan likernôch 1500 m.

Der binne twa ûndersoarten:

Phoenicurus erythrogastrus erythrogastrus: de Kaukasus. Phoenicurus erythrogastrus grandis: fan eastlik Afghanistan oant it súdlike diel fan Sintraal-Sibearje, westlik Mongoalje en noardwestlik en sintraal Sina.

Iten en fuortplanting De fûgel yt ynsekten, spinnen, larven, wjirms en oare wringeleaze dierkes. Yn 'e hjerst yt er ek beien. It nêst wurdt yn bygelyks spjalten fan rotseftige grûn fan gers, takjes en oare plantedielen boud en ôfset mei fearkes en mosk. De briedtiid leit tusken maaie en july en it lechsel bestiet út fjouwer of fiif ljochte aaikes mei readbrune stipkes.

Status It is net bekend hoe grut de populaasje fan 't wytkrúnreadsturtsjes is, mar de fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en oannommen wurd dat de populaasje stabyl is. De fûgel wurdt dêrom troch de IUCN op de Reade list as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Readsturtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan