It Tibetaansk readsturtsje of it fjildreadsturtsje (Phoenicurus hodgsoni) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae.

Fersprieidng De soarte komt fan 'e Himalaya oant sintraal Sina foar. It fûgeltje is thús yn ferskillende berchlânskippen lykas heuvellân en heechflaktes mei wat bosk, gerslân en strewellen. De fûgel briedt ek yn heechlizzende dellings, faak by rivieren en beken. Fjildreadsturtsjes libje meast op hichten tusken 2400 en 3600 m en út en troch oant 4300 m.

Status It Tibetaanske readsturtsje hat in grut ferspriedingsgebiet en der wurdt oannommen dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Readsturtsje Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia