Jillis Bruggeman (± 1750 - Skiedam, 9 maart 1803) wie de lêste persoan dy't om syn homoseksuele oriïntaasje yn Nederlân ta de dea feroardiele en ta de dea brocht waard. COC.nl Schiedam: Gedenkteken en Penning ter nagedachtenis van Jillis Bruggeman, 28 febrewaris 2015Eerste Jillis Bruggeman Penning voor Amnesty International, 24 febr. 2015. Argivearre op 8 juny 2023.Gemeente Schiedam - "Jillis Bruggeman Penning 2021 naar Splinter Chabot en Sandro Kortekaas (9 maart 2021)". Argivearre op 11 oktober 2022. De offisjele oanklacht wie vuyle ontugt. Hy waard terjochtsteld troch ophinging oan de stedsgalge op de Grutte Merk foar it stedhûs fan Schiedam. Acht jier letter, yn 1811, wie homoseksualiteit net langer strafber yn Nederlân.
Foar syn arrestaasje en feroardieling waard Bruggeman al langer ôfparse troch ien fan syn partners. Gemeente Schiedam, Schiedamse inzending Stuk van het Jaar bekend, 2014 Jillis Bruggeman, Kanon fan Nederlân
Schiedam hat sûnt 2015 in saneamde Jillis Bruggeman Penning, dy 't alle jierren útrikt wurdt op 9 maart. It is in ûnderskieding dy 't troch de Gemeente Schiedam tegearre mei de Stichting Jillis Bruggeman útrikt wurdt oan in organisaasje of persoan dy 't striidt tsjin diskriminaasje en ferfolging op basis fan seksuele identiteit, yn Nederlân of dêrbûten.
Yn 2017 is der njonken de penning ek in Jillis-Opsteker kaam, in priis foar regionale helden yn Súd-Holland-Súd dy 't in wichtige bydrage leverje oan it tsjingean fan lhbti-diskriminaasje.
Kategory:Nederlânsk persoan Kategory:Persoan dy't de deastraf krigen hat Kategory:Homofoby Kategory:Persoan dy't juridysk ferfolge is foar homoseksualiteit Kategory:Persoan berne yn 1750 Kategory:Persoan stoarn yn 1803