De Afrikaanske leppelbek (Platalea alba) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae).

Beskriuwing thumb|left|Afrikaanske leppelbek yn Súd-Afrika. Mei 90 sm is de Afrikaanske leppebek likernôch like grut as de Europeeske leppelbek. It fearrekleed is suver wyt, de poaten binne rôzeread en it gesicht is read. De snaffel is griis en hat reade rânen.

Gedrach De fûgels libje yn grutte, ûndjippe wiete gebieten by marren, rivieren, opslachmarren ensafuorthinne. It iten bestiet út lytse fisken, wringeleazen, kreeften en ynsekten. Der is gjin fêste briedtiid, dy't ôfhinklik is fan it ferspriedingsgebiet en fan it fallen fan rein. Yn it west fan Afrika briedt de fûgel yn 'e drûge tiid, yn East- en Sintraal-Afrika meast yn 'e reintiid en yn Súd-Afrika yn 'e winter of iere maitiid. De fûgels bouwe in grut ovaal nêst fan tûken en reit yn beammen boppe wetter. Afrikaanske leppelbekken briede yn koloanjes fan 5 oant 20 pearkes, somtiden sels oant 250 pearkes, leafst mei oare fûgelsoarten. Ek bûten de briedtiid is it in sosjale fûgel, dy't tegearre foerazjearje en rêste. thumb|left|Foerazjearjende Afrikaanske leppelbekken. Afrikaanske leppelbekken foerazjearje yn leech wetter troch mei de snaffel hinne en wer te swyljen. De fûgel is foar in part in trekfûgel en siket by drûchte om wietere gebieten.

Fersprieding en systematyk De fûgel komt yn in grut part fan Afrika súd fan 'e Sahara foar. Ut en troch wurdt de Afrikaanske leppelbek ek sjoen yn Jemen, dêr't de fûgel besocht hat te brieden. Yn Oman is it in dwaalgast. Ek yn Europeeske lannen lykas Nederlân komt de fûgel wolris as dwaalgast foar.Waarneming.nl, oproppen 24 april 2024 De Afrikaanske leppelbek is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.

Status De Afrikaanske leppelbek hat in grut ferspriedingsgebiet. Yn Madagaskar wurdt de soarte earnstich bedrige troch de ferneatiging fan ferskillende koloanjes. Ek hat de soarte te lijen fan it drûchlizzen fan wiete gebieten. Doch klassifisearret de IUCN de fûgel op 'e Reade list as net bedrige. Der wurdt oannommen dat de populaasje oer it generaal stabyl is en it oantal wurdt neffens BirdLife International tusken de 7.300 en 73.000 folwoeksen fûgels rûsd.

Kategory:Leppelbek Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda