De Keningsleppelbek (Platalea regia) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae).
Beskriuwing thumb|left|Groepke keningsleppelbekken. De keningsleppelbek is in grutte, wite fûgel mei in swarte, leppelfoarmige snaffel. De fûgel is likernôch 80 sm grut en hat in gewicht tusken de 1,4 en 2,07 kg. It is in waadfûgel mei lange poaten, geskikt om troch it wetter te rinnen. Hy yt fisk, skaaldierkes, krabkes en kikkerts en fangt syn proai troch de snaffel hinne en wer te swyljen.
Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar yn Austraalje, Nij-Seelân, Yndoneezje en op Nij-Guineä en de Salomonseilannen. Hy wurdt as monotypysk behannele, dat wol sizze dat de fûgel net yn ûndersoarten is ferdield.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige.
Kategory:Leppelbek Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen