De Westland Wyvern is in Britsk multi-role gefjochtsfleantúch mei ien sitplak, boud troch Westland Aircraft, dat tsjinst die yn de jierren 1950 yn de Suezkrisis fan 1956. De Wyverns waarden oandreaun troch in turboprop dy 't grutte en kontra-rotearjende propellers oandreau en ûnder mear torpedo's meinimme koe. Sy operearren fan in fleandekskip ôf.
Skiednis It prototype en 10 pre-produksje fleantugen (TF.Mk 1) wiene útrist mei de 24-silinder H-motor Eagle fan Rolls-Royce mei 3.500 hk (2600 kW) Bill Gunston: World Encyclopedia of Aero Engines, 5 útjeften, Sutton Publishing Limited, Phoenix Mill (Gloucestershire) 2006, ISBN 0-7509-4479-X, s. 191 , mei in kasko dat al ûntwurpen wie foar in turbopropmotor, dy 't ynearsten net beskikber wie. De earste flecht wie op 12 desimber 1946.
Fierdere foar-produksje fleantugen (TF.Mk 2) hiene doe de Rolls-Royce Clyde (4.030 hk; 3006 kW) en Armstrong Siddeley Python propellerturbines. De ferzje mei de Python-turbine fleach foar it earst op 18 jannewaris 1949, de ferzje mei de Clyde-turbine op 22 maart 1949. Der waard ek in twasits trainerferzje (TF.Mk 3) ûntwikkele. De earste flecht mei in Python 2 turbine wie op 16 febrewaris 1950.
It produksjefleantúch (S.Mk 4) hie in Python 3-turbine mei in asfermogen fan 4110 hk (3065 kW), rekken hâldend mei de driuwkrêft fan 1180 lbf (5,25 kN). De Westland Wyverns kamen yn maaie 1953 yn tsjinst. Westland Wyverns waarden allinnich brûkt yn de striid by de Suezkrisis troch 830 Sqn op it fleandekskip HMS Eagle. Sy bleaune yn tsjinst oant maart 1958.
Technyske feiten thumb|Westland Wyvern S.Mk 4 Parameter Wyvern S Mk 4 Bemanning 1 Lingte 12,80 m Spanwiidte 13,42 m Fleugeloerflak 32,98 m² Fleugellingte 5,5 Massa leech 7076 kg maks. startmassa 11.113 kg Oandriuwing 1 × Turboprop Rolls-Royce Python 3, 4110 hp (3065 kW) Heechste faasje 613 km/o op seenivo Tsjinstplafond 8535 m Fleanberik sa'n 1464 km mei ekstra tank Bewapening fjouwer 20-mm-masinekanonnen Hispano Mk V yn de fleugels, of ien 46-sm-torpedo, trije 464-kg-bommen, 16 27-sm-raketten
Keppelingen om utens The Eagle-engined Wyvern TF.Mk.1 VR137
Kategory:Britske jachtfleanmasine Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1946