</small> De glânsibis (Plegadis falcinellus) is in fûgelsoarte út it skaai brune glânsibissen (plegadis) fan 'e famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). Alhoewol't de fûgel yn Nederlân ek wol as swarte ibis bekend stiet, is de fûgel net swart mar hat de fûgel in readbrune kleur en glânzgjende kleuren op 'e wjukken en sturt. Mei't de oantallen Europeeske fûgels yn Spanje en Frankryk spektakulêr tanommen binne, wurdt de fûgel ek jimmeroan faker yn ús kontreien sjoen.

Beskriuwing De glânsibis is in 55 oant 65 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan 88 oant 105 sm. Se ha wat de ferskining oanbelanget wat fan 'e wylp, mar oars as de wylp hat de glânsibis in brún fearrekleed mei irisearjende kleuren op 'e wjukken en sturt.

thumb|left|Kop fan de glânsibis. Glânsibissen hawwe in soad fan wytmaskeribissen. De ferskillen binne dat de neakene hûd tusken de snaffel en it each by de glânsibis blaugriis is (read by de wytmaskeribis) en dat de wite râne dêrfan by de glânsibis oant it each giet en net om it each hinne, lykas dat it gefal is by de wytmaskeribis. De poaten fan 'e glânsibis binne readbrún en net read, lykas by de wytmaskeribis. De wytmaskeribis hat in reade iris, wylste de glânsibis in brún iris hat.

Fersprieding De fûgel komt yn 'e waarmere gebieten fan Europa, Afrika, Austraalje en dielen fan Aazje en Amearika foar en is te sjen yn sompen en wetterryk lân, lykas marren, sompen, rivieren en lagunes. Oant yn 'e 20e iuw wie de fûgel in dwaalgast yn Nederlân, mar sûnt 1980 nimme it tal waarnimmings ta yn fral it noarden en westen fan Nederlân en sûnt 1999 wurdt de soarte net mear as dwaalgast beskôge.

Yn Europa is de glânsibis in trekfûgel. Yn april komt er fanút de oerwinteringsgebieten yn it Middellânske Seegebiet en tropysk Afrika yn 'e briedgebieten oan en yn augustus en septimber giet er wer.

Fuortplanting Glânsibissen briede fan april oant juny yn beammen. Dat bart fakentiden yn koloanjes mei oare reagers. In nêst bestiet út 3 oant 4 aaien, dy't yn 20 oant 23 dagen útbret wurde. Beide geslachten bouwe it nêst en mantsjes en wyfkes wikselje inoar ôf by it brieden. Mantsjes briede fral nachts.

Status Neffens BirdLife International nimt de wrâldpopulaasje fan 'e fûgel ôf. Yn 'e Feriene Steaten en yn Europa nimt de oantallen glânsibissen ta, mar op oare plakken foarmje it ferlies fan wetterrike gebieten en degradaasje dêrfan in bedriging foar de fûgel. Dêrnjonken wurdt der lokaal op glânsibissen jage. De fûgel is boppedat fetber foar fûgelgriepfirussen.

De wrâldpopulaasje wurdt op 200.000 oant 2.300.000 fûgels rûsd, wêrfan 28.700 oant 37.000 pearkes yn Europa. De fûgels wurdt troch IUCN as net bedrige klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Brune glânsibis Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda