Noetsele is in buorskip (en eardere marke) oan 'e súdwestlike kant fan Nijverdal yn 'e gemeente Hellendoorn yn 'e Nederlânske provinsje Oerisel. Noetsele leit op 'e Sallânske Heuvelrêch oan 'e foet fan 'e 59,5 meter hege Noetselerberch, dy't nei it buorskip neamt is.

Noetsele stie eartiids op in list fan besittingen fan 'e abdij fan Werden, dy't ynkomsten krige fan 'e pleats Albedinc.

Mooglik is de namme ôfkomstich fan it Germaanske noue, dat foar sompe stiet. Oaren tinke earder oan in ferwizing nei nút, itjinge dan delkomme soe op in lo (in boskje op hege sângrûn; it nammediel le is in ferbastering fan it Nederlânske wurd lo) fan nutebeammen.

Noetsele leit tusken in driuwwâl en de Regge, mei leechlizzende gerslannen dy't by heechwetter ûnderstrûpten. Oan 'e oare kant fan 'e Regge leit in pear kilometers fierder Notter (of Noothaar), in lange hichte dy't mei nutebeammen begroeid wie.

Ek wurdt sein dat Noetsele "nij bosk" betsjut. It plak leit op 'e grins fan hegere grûn en leger lizzende gebieten.

Kategory:Plak yn Hellendoorn