De Afrikaanske pappegaaido (Treron calvus) is in fûgelsoarte yn it skaai pappegaaidowen (Treron) út 'e famylje dowen (Columbidae). It is ien fan 'e fiif soarten fan it skaai yn 'e Afrikaanske tropen. De Afrikaanske pappegaaido hat in grut ferspriedingsgebiet ûnder de Sahara mei 17 erkende ûndersoarten.
Beskriuwing thumb|left|Afrikaanske pappegaaido yn it Nasjonaal Park Kruger (Súd-Afrika). De fûgel is 25 oant 30 sm lang en weecht 130 oant 285 gram. De boppedielen binne griisgrien oant gielgrien. De snaffel hat boppe by de basis opfallend reade waakshûd. De snaffel hat fierder in wite punt. Under oan 'e hals hat de fûgel in grize flek.
Wyfkes ferskille net in soad fan mantsjes, se binne allinne wat lytser en doffer fan kleur.
Undersoarten De Afrikaanske pappegaaido hat 17 ûndersoarten. De ûndersoarten yn it westen hawwe op 'e snaffel in relatyf grutte, reade waakshûd, in grize sturt en giele poaten, wylst de eastlike en súdeastlike ûndersoarten mear grien op 'e sturt ha en oranje oant rôze poaten. thumb|250px|T. c. sharpei (Gana). thumb|250px|T. c. delalandii (Súd-Afrika). T. c. calvus: east Nigearia oant it noardeasten fan 'e Kongo-Kinsjasa en sintraal Angoala. T. c. virescens: Prinsipe. T. c. sharpei: Sierra Leöane oant súd Nigearia en it noarden fan Kameroen. T. c. nudirostris: Senegal oant Gambia en Guinee-Bissau. T. c. poensis: Bioko. T. c. uellensis: Súd-Sûdan, it noarden fan Kongo-Kinsjasa, Uganda. T. c. brevicera: Súdwest Etioopje oant noardlik Tanzania beëasten de Grutte Slink (útsein de kust). T. c. salvadorii: it easten fan Kongo-Kinsjasa, it súdwesten fan Tanzania, Sambia, it noarden fan Malawy en Mozambyk. T. c. wakefieldii: kuststreek fan Kenia en noardeastlik Tanzania. T. c. schalowi: eastlik Angoala, noardeastlik Namybje, noardlik Botswana en it noardwesten fan Simbabwe. T. c. ansorgei: westlik Angoala (súd fan 'e Kwanza). T. c. vylderi: noardwesten fan Namybje (eastlik fan Grootfontein). T. c. gibberifrons: súdeasten fan Súd-Sûdan oan de Fiktoaria Mar yn Uganda, Rûanda, Burûndy, westlik Kenia en noardwestlik Tanzania. T. c. delalandii: kust fan súdeast Tanzania oant it suden fan Súd-Afrika (eastlike Kaapprovinsje). T. c. granti: Leechlannen fan eastlik Tanzania en Sansibar.
Status De Afrikaanske pappegaaido stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as 'net bedrige' (sitewaasje 2024). De grutte fan 'e populaasje is net bekend. It oantal fan 'e soarte rint tebek, mar lokaal komt de do noch in soad foar. Ek hat de soarte in grut ferspriedingsgebiet.
Kategory:Pappegaaido Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda