Pappegaaidowen foarmje in skaai fûgels yn 'e famylje fan 'e dowen. It ferspriedingsgebiet fan it skaai is tige grut en giet fan Afrika nei Súdeast-Aazje.

Oer it algemien hat de pappegaaido fral griene fearren en dêrom wurdt de soarte yn oare talen ek wol 'griene do' neamd. By guon soarten is ek giel of oliifgrien de oerhearsjende kleur. Alle soarten hawwe befearre rinpoaten en by guon soarten giet dat noch fierder. De fûgels kinne hurd en linich fleane en by it fleanen meitsje de wjukken in piipjend lûd.

Der is fariaasje yn grutte. Lytsere soarten wurde 22 sm lang, wylst de gruttere soarten 35 sm. lang wurde. By guon soarten is sprake fan in dúdlike geslachtdimorfy.

Der binne 30 ferskillende soarten fan it skaai:

Treron affinis – Yndiaaske pappegaaido Treron apicauda – Pylksturtpappegaaido Treron aromaticus – Boerûpappegaaido Treron australis – Madagaskarpappegaaido Treron axillaris – Filipynske pappegaaido Treron bicinctus – Oranjeboarstpappegaaido Treron calvus – Afrikaanske pappegaaido Treron capellei – Grutte pappegaaido Treron chloropterus – Andamanenpappegaaido Treron curvirostra – Groubekpappegaaido Treron floris – Floarespappegaaido Treron formosae – Formosapappegaaido Treron fulvicollis – Kanielkoppappegaaido Treron griseicauda – Griismaskerpappegaaido Treron griveaudi – Komoarenpappegaaido Treron olax – Lytse pappegaaido Treron oxyurus – Sumatraanske pappegaaido Treron pembaensis – Pembapappegaaido Treron permagnus – Rjûkjûpappegaaido Treron phayrei – Griiskrúnpappegaaido Treron phoenicopterus – Gielpoatpappegaaido Treron pompadora – Srylankaanske pappegaaido Treron psittaceus – Timoreeske pappegaaido Treron sanctithomae – Saotomeeske pappegaaido Treron seimundi – Seimunds pappegaaido Treron sieboldii – Wytbúkpappegaaido Treron sphenurus – Kilesturtpappegaaido Treron teysmannii – Sûmbapappegaaido Treron vernans – Yndyske pappegaaido Treron waalia – Gielbúkpappegaaido

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Dofûgel