De Yndyske pappegaaido (Treron vernans) is in fûgel út it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Beskriuwing thumb|left|Spantsje op Noard-Sulawezy. Yndyske pappegaaidowen binne fûgels fan 25 oant 30 sm grut. Se wege 105-160 gram. De fûgels binne griis op 'e krún, hawwe griisblauwe kopfearren, dy't yn 'e hals en op 'e nekke yn rôze oergeane, in oranje flek op it boarst en binne giel op 'e búk. It wyfke hat minder ferskaat yn kleur, is grien fan boppe en gielgrien fan ûnder. Mantsjes en wyfkes hawwe opfallende giele en swarte wjukpinnen en giele flekken op de ûnderste sturtdekfearren.
Fersprieding Yndyske pappegaaidowen komme yn 'e lannen om 'e Yndyske Arsjipel foar, fan Súdeast-Aazje oant de Filipinen en Yndoneezje.
Status De fûgel komt yn in grut gebiet foar en de populaasje is stabyl. De soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN net bedrige.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pappegaaido Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân