De groubekpappegaaido (Treron curvirostra) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Beskriuwing thumb|left|Tekening fan in spantsje groubekpappegaaidowenEdward Charles Stuart Baker. De groubekpapegaaido is in middelgrutte griene do fan 22,5 oant 31 sm. De fûgel liket mei syn grize krún, de readbrune mantel by it mantsje en de giele en swarte rânen fan 'e wjukfearren in soad op 'e dowen fan de saneamde Pompadour-groep. It ûnderskied is lykwols in dikkere snaffel mei in reade basis, in heldergriene eachring en it patroan op 'e ûnderste sturtdekfearren.

Fersprieding thumb|250px|Mantsje. De soarte libbet yn 'e bosken fan it leechlân fan Súdeast-Aazje en de Yndyske Arsjipel. Der is strideraasje oer de yndieling yn ûndersoarten. De fûgel wurdt fan monotypysk behannele oant ferdield yn twa oant njoggen ûndersoarten mei de folgjende ferdieling:

T. c. nipalensis: fan sintraal Nepal en noardeastlik Yndia oer Myanmar oant súdlik Yndosjina. T. c. hainanus: Hainan (by súdeastlik Sina). T. c. curvirostra: Maleizje en Sumatra. T. c. haliplous: Simeulue (by noardwestlik Sumatra). T. c. pegus: Nias (by westlik Sumatra). T. c. smicrus: Sipora, Siberut en de Batû-eilannen (by westlik Sumatra). T. c. hypothapsinus: Enggano (by súdwestlik Sumatra). T. c. nasica: Borneo. T. c. erimacrus: Balabac, Palawan, Mindoro (Filipinen).

Status It oantal fûgels fan 'e soarte liket ôf te nimmen, alhoewol't it net bekend is hoe grut de populaasje is. Der wurdt fan útgien dat de populaasje net hurd tebekrint en de soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN dêrom as 'net bedrige' klassisifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pappegaaido Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan