De gielpoatpappegaaido (Treron phoenicopterus) is in fûgel út it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Beskriuwing De gielpoatpappegaaido is mei in lingte fan 33 sm ien fan 'e gruttere soarten út it skaai. De do hat in oliifgiele kraach en giele poaten. It boppebealchje is griisgrien mei in ljochtpearse skouderflek en in gieleftige bân oan it begjin fan 'e sturt. Fûgels fan 'e ûndersoarte T. p. chlorigaster binne mear griengiel op 'e búk en flanken.
Fersprieding De soarte komt fan Yndia oant Súdeast-Aazje foar en hat fiif ûndersoarten:
T. p. phoenicopterus: fan eastlik Pakistan en noardlik Yndia oant noardeastlik Yndia en Bangladesj. T. p. chlorigaster: Sintraal- en Súd-Yndia. T. p. phillipsi: Sry Lanka. T. p. viridifrons: fan it súdwesten fan Sina oant Myanmar en it noardwesten fan Tailân. T. p. annamensis: yn it easten fan Tailân, it suden fan Laos en it suden fan Fjetnam.
Status De fûgel komt yn in grut gebiet foar en it oantal liket ta te nimmen. De soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN net bedrige.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pappegaaido Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân
